1 De earste libbensjierren

Mijn earste libbensjierren haw ik wenne yn in lyts húske op Sevenhuzen nr. 18, in streekje huzen, in bytsje apart fan it doarp Grou. Myn heit en mem hiene dêr in lyts húske kocht fan Jaap Jonkman, dy mei syn frou Atsje in sigare/sigrette-hannel hie yn it sintrum fan Grou. Wierskynlik hawwe se it húske op Sevenhuzen kocht mei finasjele help fan myn oate en pake yn de Lemmer. Dat sil west ha om 1944 hinne, want myn heit en mem wiene op 20 maaie op Texel (Den Burg) troud en se setten harren nei Grou te wenjen. Myn heit hie syn masinistendiploma’s “landmachinist stoombedrijf A en B” helle yn 1941 en waard troch Halbertsma fanút De Lemmer oerpleatst nei Grou, dêr’t er earst yn ‘e kost west hat bij Janke en Sweitse van der Woude yn de Parkstrjitte. It húske op Sevenhuzen stie deun oan It Nijdjip en de s.n. “Barten”, oan it ein fan in rychje huzen, rekkene fanôf it efterhiem fan Abbema State en dat húske joech in prachtich útsicht oer de wiidske greiden fan it wetterskip “De Leppedyk” tusken Grou en Akkrum. Yn 1948 waard myn heit beneamd ta chef-machinist en binne wy ferhuze nei it hûs fan Abbema State: adres Zevenhuizen 1. Us foardoar siet oan de “hals” fan Abbemastate en kaam út op it paad Sevenhuzen.

It Nijdjip is in oerâlde feart dy’t fanút Grou yn súdwestelike rjochting oansleat op it Nauwdeel. Op de kaart fan Idaarderadiel fan B. Schotanus a Sterringa út 1694 stiet it “Nij Diept¨ al oanjûn. It Nijdjip rûn ynearsten fanút in hoeke en útrinner fan De Baai by Grou lâns Sevenhuzen de wide romte yn. It wie eartiids grif befarber en joech via de Toetsmar ferbining nei de Wjittering (Ald Skou). Yn myn tiid wie dat al lang net mear mogelik troch fergavingen y.f.m. de oanlis fan it PM-kanaal.

Ieuwen lang wiene dy lânsdouwen fan De Leppedyk ien gehiel en allinnich mar troch de wetterlopen ûntsletten. Dat betsjut dat de lytse buorskipkes, pleatsen en huzen benammen oer it wetter berikt wurde moasten…

Op de topografyske kaart fan om-ende-by 1850 sjogge wy dat de loop fan It Nijdjip dan noch hieltyd gelyk is. It hiele gebiet tusken Grou, Goattum, Jirnsum n Akkrum is dan noch ûnferdield.

It Nijdjip rint troch de Toetsmar en komt fierderop út yn it Nauwdeel. It Wide Deel en it Nauwdeel rint dwers troch it boppeneamde gebiet yn de rjochting fan Aldskou om krekt wat noardeliker via Hettingasyl yn De Boarn út te kommen.

It Nijdjip hie dus eartiids in trochgeande funksje en omsleat Sevenhuzen, dêrom lei der oarspronkelik yn de Parkstrjitte yn de hoeke fan De Baai ek in brêge, dy’t op guon âlde ansichtkaarten noch wol te sjen is.

Yn myn jeugdjierren wie de brêge yn de Parkstrjitte der al net mear. Wol wie der yn ‘e hoeke (útrinner) fan De Baai by de Parkstrjitte noch in wettertrochgong, yn de foarm fan in skuef, dy’t op en del beweegd wurde koe. Sa waard doe de wetterstân via in oerbliuwsel fan de Lynbaensleat yn It Nijdjip en de landerijen regele. Faak seagen wy in opsichter fan it Wetterskip by de Parkstrjitte yn De Baai dwaande mei dy skuef.

It wetter gong via dy Lynbaensleat efter Sevenhuzen lâns (yn ús tiid al in neatige dreksleat!) nei It Nijdjip en de “Diepe Sloot” via Koldaard. It is moai wis dat wy dy lêste sleat altyd de “Lynbaansleat” neamd hawwe.

In grutte radikale feroaring yn dit gebiet hat de oanlis fan “It Kanaal” (letter It Prinses Margrietkanaal of PM-Kanaal) west, dy’t al foar de oarloch pland waard, en dan yn en krekt nei de oarloch syn definitive foarm krigen hat. Dêrmei waard ek it trochgeande karakter fan It Nijdjip definityf oantaast. It Nijdjip wie fan 1946 ôf eins allinnich noch mar in opfeart nei de pleats Toetsma(, yn in bocht fan de feart lizzend, healwei rjochting  deToetsmar. (Op it momint fan skriuwen yn 2022, wenje ik sels krekt yn dy bocht op it âlde hiem fan dy pleats: ik bin dus berne oan it begjin fan it Nijdjip en wenje no oan it oare ein, lykas dat der no by leit)

Elke dei fear in molkskou fan de bûterfabryk twa kear nei de pleats op en del: de molkfarders wienen dêr drok mei. Krekt nei de bocht fan It Nijdjip om de earderneamde pleats hinne waard It Nijdjip doe ôfdamd. Dêr efter rûn it stik troch nei de s.n. Ringfeart, dy’t bemealle waard troch in nij elektrysk gemaal, oan it PM-kanaal.

Oan de oare kant fan it PM-kanaal stie krekt sa’n gemaal en de funksje fan it stoomgemaal De Leppedyk oan it Nauwdeel wie doe eins ek al fermindere.

Us húske op Sevenhuzen joech dus útsjoch oer It Nijdjip, seach fierders oan de rjochterkant ek út op it  Wilhelmina-Park en it fan oarsprong komelkershúske fan Bruinsma. Yn myn earste jierren wennen dêr “Aant en Krisje” (Aant en Christina de Jong).

Ik ha my fertelle litten dat it útsjoch dêr sa wiidsk wie, dat men dúdlik it stoomtramke fan krekt nei nei de oarloch, dat doe earst noch op de spoorline nei Ljouwert ried, fan it stasjon Akkrum fertrekken sjen koe yn de rjochting nei Grou. Dat wie foar ús famylje dan it momint om fan hûs op Sevenhuzen te fertrekken, rinnend rjochting it Grouster stasjon, om sa it tramke nei Ljouwert noch moai helje te kinnen. It sil grif sa west hawwe dat in hoartsje letter, doe’t de grutte stoomtreinen fan de NS wer yn gebrûk kamen, soks net mear slagge!

Fan dy earste beide jierren op Zevenhuizen 18 kin ik fansels net folle mear fertelle fan eigen kunde en witten.

Gelokkich wie myn heit altyd al dwaande mei fotografy. Dêrom beskikke wy ek noch oer in prote negativen en foto’s út myn earste beide libbensjierren op Sevenhuzen.

Foar it beskriuwen fan dy earste jierren op Sevenhuzen, binne de foto’s út myn fotoalbum, dat myn âlden fan it begjin ôf byhâlden hawwe, fansels fan it grutste belang.

Dochs doar ik te bewearen dat ik ek noch oer in protte werinneringen beskik út dy earste twa libbensjierren fan foar de ferhuzing nei Abbema State in 1948.

Ek al sizze de wittenskippers dat soks foar it twadde jier net mogelik is, dochs wit ik seker dat soks bestiet, want ik kin my tal fan situaasjes út dy jierren weromtinke, dy’t net op in foto steane.

In dúdlik foarbyld: ik wit noch hoe’t ik oan ‘e hân fan myn heit oer Sevenhuzen nei de efterkant fan de skuorre fan Abbema rûn en dêr giene wy troch de bûthúsdoar fan Abbema nei binnen. Rjochts fan de doar wie it “lyts bûthús” en dêr sieten froulju mei in reade bûsdoek om ‘e holle yn de overal  “ûnder de kij” te melken!

Dit betsjut dat op dat stuit de buorkerij fan Abbema (boer: Bareld Jonker, “Bart Jonker”) noch yn fol bedriuw wie en dat wie dan dus foar ús ferhuzing nei Abbema yn 1948! (Om-ende- by 1948 wie de fam. Jonker al emigrearre nei de VS: New Jersey)

naar pagina > 2