Neidat ik de earste pear jier fan myn libben wenne hie op Sevenhuzen 18 yn it lytse húske oan De Barten, binne myn heit en mem mei my ferhuze nei it adres Zevenhuizen 1. Sa’t it adres al seit wie dit ek “op Sevenhuzen”.
It nije adres makke diel út fan it wenhûs en de grutte skuorre “Abbema State”.
Buorkerij Abbema State wie der al ieuwen lang west yn Grou. Yn de genealogie en skiednis komt men de namme tsjin fan Abbema State, al fan de 16e ieu ôf. Der hat sels sprake west fan in “Grut Abbema” en in “Lyts Abbema”, sokke twalingnammen komt men faker tsjin by de skiednis fan pleatsen yn Fryslân.
Wy meie oannimme dat “Lyts Abbema” in pleats west hat oan wat no de Stasjonwei hyt: om-ende-by op it plak dêr’t no it begraafplak fan Grou leit. Hjir lei in terp, wierskynlik de terp fan dizze pleats. As dr. Eeltsje Halbertsma it hat oer syn bernejoerren en it boartsjen op de terp, dan soe hy dit stee bedoele kinne, in terp dêr’t doe al gjin gebouwen mear opstiene.
“Grut Abbema” lei efkes fierderop oan de Parkstrjitte, dêr it no noch altyd stiet. De skuorre sil sa’n bytsje altyd op dit plak stien hawwe, mar de gebouwen sille troch de ieuwen ferboud en feroare wêze. (Moai wis hat it yn de skiednis in pleats west mei in “langhûs” en in heaberch). De skuorre fan de buorkerij hat der dus al hiel lang stien, mar it riante hearehûs dat der no foar stiet is fan 1866. Dat jiertal hat yn myn jeugd altijd op it stekje fan it tradysjoniele smeidizeren hekwurk stien dat foar it hûs oan de Parkstrjitte stie. It is al sûnt ca 1980 fuorthelle…
Ik tink dat wy yn it jier 1948 op Abbema kamen te wenjen.
Doe’t myn heit yn 1941 syn masinisten-diploma’s helle hie waard hy troch de wurkjouwer Halbertsma fan De Lemmer (dêr’t er stoker west hie) nei Grou ta oerpleatst (faaks om dêr yn in nije “setting” as machinist oan it wurk te gean). Hy wie noch net troud en kaam “yn de kost” bij Sweitse en Janke van der Woude, dy’t yn de Parkstrjitte in kosthûs runden. Der wiene mear kostgongers, bygelyks skoalmaster(s).
Yn 1944 trouden myn heit en mem op Texel, Jan Rottiné hie spesjale tastimming fan de Dútske besetter krigen om op 20 maaie op dit eilân, dat doetiids “Sperrgebiet” wie, yn it houlik te treden.
Hja kamen yn 1944 te Grou ta wenjen op Sevenhuzen 18. Yn 1948 waard Jan Rottiné chef-masinist fan Halbertsma.. De húshâlding moast dêrom ferhúzje. By de nije oanstelling hearde nammentlik ek in salaris dat foar in diel bestie út in redusearre hiertaryf fan in tsjinstwenning. Dy tsjinstwenning wie foar Halbertsma in part fan it foarhûs by Abbema State.
Abbema State wie eigendom fan de oan Halbertsma oantroude famylje Mulder, dy’t eigener wiene fan wol trije huzen yn de Parkstrjitte. Wierskynlik wennen der al earder twa húshâldingen op Abbema. Der is al om 1931 hinne sprake fan hûs nûmer 169, mar ek fan 169a. Yn it “Huisnummerregister van Grouw” wurde foar de beide nûmers ferskillende húshâldingen neamd. It kin wêze dat der sa ek personiel fan de boer mei op Abbema wenne. Foar de Halbertsma-fabriken wie Abbema State opdield yn twa tsjinstwenningen (ek al fanwegen de wenningneed krekt nei de oarloch).
As men yn de Parkstrjitte foar Abbema State stiet dan kamen wy te wenjen yn it loftse diel, dus oan de kan fan de “Eigen weg” Zevenhuizen. Us foardoar siet dan ek net by trep oan de Parkstrjitte, mar yn de “hals” fan de pleats oan Sevenhuzen. Us adres wie doetiids grif krekt troch de gemeente yndield as Zevenhuizen 1. (1949)
As wy troch ús foardoar kamen yn de hals fan de pleats, dan hiene wy ien lange rjochte gong, dy’t trochrûn oan de oare kant fan de hals. Dêr siet ús efterdoar, dy’t tagong joech nei ús tún. Us tún wie it hiele stik appelhof en terrein nêst en efter de skuorre.
Us heit hâld dêr hinnen: earst in grut hok lâns de lege sydkant fan it “bûthús”. Al gau hie hy dat sloopt en hy makke doe in grut hinnehok mei in grutte loop wat mear nei efteren yn de tún.
Yn it efterste stik fan it hôf wie ús griente tún, dy’t pas ophâlde by de eardere (jarre)kolken fan Abbema, dy’t fierderop noch wer grinzgen oan De Pôle.
Yn de hals hiene wy fierders in grutte keuken, dêr’t wy ek ite koene, in grut hok, dat earder in stik fan it bûthús west hie en deryn ek in wettercloset. Under it dak fan de hals hiene wy twa sliepkeamers.
Fanút de gong hiene wy rjochts in doar nei ús kelder: dat wie it hiele stik ûnder de grutte entreegong fan de buorlju. Wy moasten in trepke del om der yn te kommen. Yn de kelder koene wy rjochtop rinne. Yn dy kelder siet ek in dûbbele doar nei de kelder ûnder ús foarhûs: ien fan de beide eardere “molkenkelders”. De estrikken sieten der noch yn, lâns de siden ek de ferhegingingen dêr’t de aaden foar de molke op stien hiene… Earst hie Halbertsma dêr sels noch opslach yn dy molkenkelder, mar letter, doe’t ik it hûs al út wie, krigen myn heit en mem dy kelder der ek noch by, û.o. foar de opstelling fan de cv-tsjettel.
Fanút de gong gie der rjochts ek in brede treppen nei de overloop mei dêroan grinzjend de foar- en efterkeamer. Yn de foarkeamer wie it plafond makke fan gips- en stuc-wurk mei symboalyske foarstellingen yn de hoeken (4 tiden fan’t jier) en yn e midden om it ophingpunt fan de lamp.
Via it draaitrepke fan de overloop omheech kamen wy op in “platsje” dêr’t de yngong wie nei de sliepkeamers boppe de keuken, letter hiene wy dêr ek noch in douche, dy’t útboud wie op de skuorresouder.
Fan it platsje ôf giene wy mei in treppen om heech nei de beide sliepkeamers boppe de keamers.
It wie dus in grut hûs, mar foar hjoeddeiske begrippen wol wat “hokkerich”. De treppens binne foar de jonge minsken gjin beswier, mar foar âldere minsken wie it wol wat yntensyf om hielendal boppe te kommen.
Fan út de heech lizzende foarkeamer hiene jin in prachtich útsjoch oer it wetter fan De Baai nêst de fytsewinkel fan buorman Johannes Westra, en fierders oer de hiele Parkstrjitte. Nêst de keamer, oan de kant fan Sevenhuzen, wie de garage fan Sietse Kuperus (adres: Parkstrjitte 17). Sietse hie op syn hiem in grut tal âlde auto’s stean, guon wiene eins museumstikken (Buick, Kaiser) en dy woene al net mear ride. Soms ek waarden de wrakken op elkoar stapele. It wie Sietse blykber wol wat “út de hân rûn”. De buert wie der fansels net sa wiis mei en doe Sietse oanjoech wol wat oprêde te wolle, hat de buert ienris meiholpen troch alle auto’s mei elkoar te slopen: se waarden mei de bile oan stikken hakt. Sietse liet it âld izer ôffiere.
Dat skjinne oansjoch hat net lang duorre: in pear jier letter stiene der al wer in protte âlde wrakken.
Sietse sette syn auto’s oeral del: ik ha al ferteld dat se ek lâns De Pôle op Sevenhuzen stiene, syn eigen hiem wie ek fol.
Doe’t yn 1962 de útrinner fan De Baai oan de Parkstrjitte dempt waard en it foarste stik fan Johannes Westra waard, dy’t der in pearkearterrein foar de klanten fan syn winkel fan makke, koe it fansels net sa lang duorje of Sietse sette der ek al ris ien fan syn auto’s del.
Johannes Westra makke Sietse dudelik dat dat net de bedoeling wie en Sietse ûntromme it parkearterreintsje. Ienris hawwe beide buorlju dêr skeel oer hân, wat dêr bepraat is wit ik net, mar nei dy tiid hawwe der eins nea wer auto’s fan Sietse op it parkearterrein fan Johannes Westra stien!
Sels as lyts jonkje hie ik Sietse al goed troch: Sietse wie in bernefreon, wy koene altyd syn garage ynrinne om by syn wurk te sjen, hy bestege oandacht oan ús en wy mochten faak mei him meiride as er earne hinne moast. Foar ús wie dat hiel bysûnder, want der wiene noch net folle auto’s op de dyk, yn in auto meiride wie hiel apart, de measte minsken hiene gjin auto en bern kamen dus net folle yn de gelegenheid om autoriden te belibjen.
By Sietse leine de autoûnderdielen op de wurkbank mei bankskroef: de wurkbank wie altyd fol, de rommel lei ûnder in helling skean tsjin de muorre op. It ark sweefde oeral op de flier fan de garage, mar Sietse koe altyd alles flot fine!
As jin troch de garage nei harren keuken giene, dy’t in de garage optimmere wie en dan troch in doar de keuken yngiene, dan lei der yn dy romte altyd in protte kontant jild op tafel: Sietse hie in benzinepomp mei benzine foar de auto’s en in “mengsmering”pomp foar de brommers foar hûs” lâns de Parkstrjitte stean. It jild yn de keuken wie it wikseljild dat Sietse nedich hie by de betellingen: doe waard alles noch kontant ôfrekkene!
Ek mechanysk en administratyf wie Sietse mei syn auto’s net al te krekt. Hy hie nochal wat auto’s op it hiem en in de garage: hy ferhierde ek auto’s. As jin in auto hierden, dan waard oan de hierder kreas útlein hokker mankeminten de auto hie: jin moasten net te folle gas ynienen jaan, want dan fersûpte de auto, it toutsje oan de motorkap mar sitte litte, want oars gie dy faaks fansels omheech, de rjochtingoanwizer (in mechanysk hantsje dat nei bûten kaam) woe soms net (dan noch mar ris besykje en oars efkes troch it iepen rût sels mei de hân op gong bringe), goed pompend remje, want de rem “pakte”faaks net mei de earste kear, ensfh.
Wy wiene noch frij lyts, doe’t wy al mei Sietse meiride mochten. Syn feint “Klaas” ? ried ek efter ús oan mei in auto fan Sietse. De beide auto’s moasten nei healwei Nes en Boarn: dêr wie in weechbrêge. Ik tink no dat de auto’s woegen wurde moasten foar de kentekenbewizen. De auto’s hiene noch B-nûmerbuorden (Fryslân). By dizze weging wiene ek mannen oanwêzich fan de “ferkearsplysje”.
Doe’t de auto’s woegen wiene en alles by de weechbrêge administratyf ferwurke wurde moast, seagen wy as jonkjes, dat der foar Sietse in gefaarlike situaasje ûntstie: hy hie der net sa goed nei sjoen hokker nûmmerbuorden der op de beide auto’s sieten: yn dit gefal wiene dy allebeide itselde! Dus Sietse kaam “op de bon”! Dat wie in de eagen fân ús as bern doe noch in tige grutte sûnde! Wy waarden as bern fan krekt nei de oarloch tige gesachsgetrou en respektfol opfied. As jin in bon krigen dan hiene jo in misdied begien!
Sietse hie ek twa frachtweinen, yn de foarm fan kypweinen. Hie ried dus ek mei sân en grind. Krekt nei de oarloch waard der yn Nederlân, en dus ek om Grou hinne, in protte boud oan hûzen, brêgen, loadsen en oare projekten. Der moast dus ek in protte boumateriaal ferriden wurde en dat wie foar Sietse extra ynkommen.
As hy dan wer in skoft mei syn kypweinen mei sân en grind oan it pendeljen wie, dan mochten wy faak meiride! Dêr wiene wy sljocht op, want foar ús betsjutte dat aventoer!
It sân en grind moast by de “Kade” yn Grou ophelle wurde. Dêr lei oan de Kade, sa ûngefear foar it doktershûs it skip (in skûtsje!) fan “skipper Smit”. Op de Kade stie in foech trechter, dêr’t Sietse mei de auto ûnder ride koe en dan waard de kypwein laden troch oan de trechter in hendel oer te heljen. As de laadbak fol wie, dan ried Sietse ús troch de Riedhússtrjitte, oer de Komerk, troch de Haadstrjitte en via de Parkstrjitte nei it bestimmingsplak. Dêr losse en dan fansels wer werom.
Skipper Smit laadde ûndertusken de trechter wer fol mei in “selslosser”, dy’t oan yn gyk it sân mei in selslossende bak út it skip omheech brocht oan’t boppe de trechter en dan waard de bak dêryn leech kypt troch oan in koard te lûken. It optakeljen lâns de gyk gie motoarysk.
Op Abbema wenjend ha ik in prachtige jeugd hân. Op Sevenhuzen wiene in protte bern, der wie ûnderling eins gjin striid, de bern boarten dêr meielkoar. Undanks dat it in krappe sobere tiid wie en wy eins gjin echt boartersguod hiene, om’t it te djoer wie, boarten wy in protte bûten: wy boarten yn de sânbak, wy hiene in túntsje, wy wiene oan it pylkjesjitten, lieten carbydbuskes ploffe, soms hiene wy “klappers” mei in spiker en in âld kaai, wy diene stabal, wy wiene oan it hinkeljen, toudûnsjen, tik-boartsjen, meskepikkken, souskjen, draakjefleanen, kollum sykjen, bosterds meitsjen, polsljeppen (in pols wie djoer! net elkenien hie ien). Wy “fearen” mei eigen timmere boatsjes as der earne “lân opspuite” waard, letter ek by it Marsleatsje… Allegearre foarmen fan fermaak.