Fiskje wie as Grouster jonkje hast in fanselssprekkende bezichheid. Grou leit mids fan it wetter yn allegearre foarmen: sleatsjes, kanalen, marren.
As lytse bern fisken wy yn It Nijdjip of yn De Baai.
It Nijdjip wie ús earste fiskwetter, faak stiene wy dan op De Barten. Us angelstok wie yn it begjin faak in foech takke, mar letter hiene wy al hjir of dêr in bamboestok krigen of fûn.
In nylontried mei in lyts staaffoarmich pylkje fungearre foar ús as dôber. In hoek krigen wy hjir of dêr wol fan in folwoeksen fisker, wy diene dêr boppe in leadsje dat wy makken fan in stikje fan in tandpastatube of sa. Efkes útprebearje hoe swier of dat dan wêze moast om it pylkje moai oerein te hâlden en op djipte te setten.
Dêrnei koe it fiskjen oangean: wy fisken it meast mei bôlekûgeltsjes dy wy mei ýs fingers draaiden, som makken wy in “plúmke”, mar dat wie al gau wer fan de hoek ôf.
Mei bôle fongen wy fansels it meast lytse “wytfiskjes” foarntsjes, mar it gie ús it meast om de sport: byt krije en op it juste momint taslaan om it fiskje oan de heak te krijen.
As wy letter mei wjirmen fisken, dan hiene wy in oare hoek (“ielhoek”) nedich. Wy wrotten de wjirm oer de hoek. Dêrmei fongen wy dan fan dy lytse poaskjes en as it spannend waard dan hellen wy in moaie bears út it wetter fan It Nijdjip.
Yn guon bysûndere gefallen waard der ek wolris in “mûthûn” (zeelt) fongen; in soarte fan “meerval”.
Us nocht en sukses hong noch it meast fan de omstannichheden ôf: it moast wol “bite” wolle, want oars hiene wy gau ús nocht en dus wiene wy wispelturich en fûnen dan wer wat oars út.
As alternatyf fisken wy ek wol yn De Baai by de winkel fan Johannes Westra. Dêr hiene jin eins wol wat in langere angel foar nedich om wat fierder fan de wâl ôf te kommen. Yn dit wetter fongen wy nêst de al neamde wytfiskjes ek wolris in fikse blei of brasem. Dat joech foar ús dan in hiel spektakel, want de keunst wie dan wol om him oan de line te hâlden en op de wâl te krijen. Wy beskikten meast net oer in skepnet. De fisken kamen yn ‘e amer dyt mei sleatswetter folskept en op de wâl stie.
Wy diene net folle mei de fangst, as wy ús nocht fan’t fiskjen krigen dan koene wy fansels eins neat mei de fongen fisken en dus legen wy de amer mei de fangst wer yn it wetter fan De Baai. Foldien tôgen wy dan wer nei hûs.
Ik ha ek wol op oare plakken fiske, bygelyks midden yn it doarp by de s.n. “wite brêge”, dy’t de Parkstrjitte mei de Paviljoenstrjitte ferbûn, oer de Grûndaam.
Dêr woe it ek wol goed fiskje en jin kamen der ek mear oare doarpsbern tsjin. De wite brêge waard doe al net folle mear draaid: meast kamen der noch wat skoukes en oare lytse boatsjes troch. Rjochts en lofts fan dizze brêge leine in protte wenarken lâns de “Lange Jammer” en de “Haven”.
Ek al wie der by ús fiskjen alhiel gjin tafersjoch, dochs lieten ús heiten en memmen ús op Sevenhuzen kennelik mear gewurre. Faaks wiene wy as bern ek al better betroud mei de gefaren fan it wetter? Ik kin my net werinnerje dat der ea immen by it fiskjen te wetter rekke is.