3 It Nijdjip en de Lynbaensleat

Krekt oer De Barten, by it bargehok wei, sjogge wy hjir lofts it plak dêr’t It Nijdjip yn de Lynbaensleat útkaam.

Oan de lofterkant kinne wy sjen dat dy Lynbaensleat op syn beurt wer útkaam yn de sleat dy’t om en efter de eastlike huzen fan Sevenhuzen lâns rûn, oan’t de Parkstrjitte ta. Dêr hie yn de Parkstrjitte ea in brêge lein, want eartiids wie dit noch befarber wetter, mar yn ús tiid wie der ûnder de Parkstrjitte allinnich noch mar in dûker, útkommend yn de útrinner fan De Baai en regelber mei in skuef fan it wetterskip.

Eins wie dy sleat yn ús tiid al in ûndjippe drek- en stjonksleat.

It Nijdjip wie lykwols noch in flinke feart. By De Barten hie de bûterfabryk fan Grou in soart steigerke makke foar de grutte molkskou dy’t twa kear deis mei bussen It Nijdjip op en del foer mei de bussen foar de pleats fan “Miedema” (Toetsma), dy’t midden yn it lân lei.

De fabryk hie dêr in pear molkfarders foar yn it wurk. As bern mochten wy wolris meifarre, of yn de beage om de grutte skou te lûken.

As wy yn it lân te ljeppen west hiene en der wol ris “yn sitten hiene”, kamen wy soms de molkfarder, dy’t dan op de weromreis wie, wat “op de lije side” oan en dan mochten wy de wiete overal ophingje oan de pols, dy setten wy dan in de messelbank fan de skou en dan sieten wy wiet en yn ús ûnderguod yn de molkskou tsjin de waarme molkbussen oan, de molke yn de bussen wiene faak noch wol noflik waarm. Sa kamen wy dan op Sevenhuzen oan…

Ik sjoch noch hoe’t myn klassegenoat Manfred van der Meulen op de fyts by De Barten delried en kopke ûnder gie. Wy hawwe him der mei feriende krêften wer út hise…

Lofts op de foto wer de hege beam, dy’t oan de ein fan de tún fan de famylje Kerkhof stie. Dy wennen yn it rjochter part fan it hûs fan de famylje Klaas Mulder, dat oan de Parkstrjitte stie. Op de foto sjogge wy ek it hûs fan Gretha Mulder dat efkes fierderop stie.

It lân dêr’t it eibernêst stiet waard letter, by de komst fan de Friesmastrjitte, in lyts kampke lân, dêr ‘t wy ek wolris boarten, mar dat letter benammen in iisbaentsje waard foar de Grouster jeugd. No is it in viver wurden mei dêrby in parkearterreintsje.

Rjochts op de foto, efter de Nesserdyk sjogge wy de ôfsetting fan de tún fan de Famylje Halbertsma (hearde by de Sinnewente op de hoeke fan Parkstrjitte en Nesserdyk). Dêr efter is de huzenrige sichtber fan “De Lange Jammer”, in rige arbeiderswenten lâns de Grûndaam. It hege hûs stie by de ôfslach fan de Grûndaam rjochting “Griene Brêge” en de Pikmar.

pagina > 4