Yn de skuorre fan Abbema wie, doe’t it bedriuw fan Halbertsma de skuorre as wurkromte yn gebrûk naam hie, ek noch opslach fan hout.
Yn de s.n. “golle” stiene in protte rigelen mei hege rekken, dêr’t it fineer (fijnfineer) op útsortearre en opsteapele lei yn langwerpige 5 a 10 cm tsjokke pakken, dy’t oan beide einen met touwen gearbûn wiene.
Dy pakken waarden oanfierd troch de trúcks en frachttrailers fan it bedriuw fan Halbertsma sels. Dizze trailers koene, oer it paad fan Sevenhuzen, achterútridend, dêrnei krekt troch de hege skuordoarren (de heaweindoarren fan eartiids) foar in part nei binnen riden wurde. Soms bleau de trailer dêr in oantal oeren sûnder trúck stean… om sa in alle rêst lost wurde te kinnen.
Yn dizze houtopslach wurke ien fan de arbeiders fan Halbertsma as fêste meiwurker op dat plak. Dat wie Wolter de Leeuw. Hy hie hjir in grutte elektryske ôfkoartseage ta syn beschikking. Dêrmei seage hy sa no en dan de kantstikken fan de beamlange fineerplaten heaks ôf, nei’t er dy soarchfâldich út de foarried socht hie en selektearre hie op kwaliteit al nei geraden it gebrûk dêr fan yn de fabryk. Wy kamen as bern faak yn dy skuorre en Wolter wie altyd noflik en freonlik foar ús as bern. De ôfseage kantstikken giene yn de houtbak (fan it tsjettelhûs), dus wy hellen dêr wol gauris wat ¨fineerpakjes” út (it touwtsje siet der dan noch wol om) en wy boarten dan mei dat fineer: jin koene dêr figueren útsnije, op papier plakke, ensfh. Ek makke ik sa myn earste skeakboerd troch de ljochte en donkere fjouwerkantsjes út te snijen en op triplex ta in boerd te plakken. Uteinliks wie it ôfseage spul bedoeld om “yn it fjoer” fan it tsjettelhûs te ferdwinen.
It gegier fan de seage wie faak oan’t fier yn ús hûs op Abbema te hearen, mar wy letter der thús nei ferrin fan tiid net mear op: it gesjong fan de seage krong net mear ta ús troch… Wy wiene der thús alhiel oan wend.
Sa no en dan brocht Wolter in partij fan sokke pakken nei de fabryk. Dat barde op in âlderwetse hânkarre. Ik hear de karre noch oer it paad fan Sevenhuzen bolderjen.