Dizze foto’s binne makke yn de tún fan it húske oan De Barten.
It hekwurk mei gaas moast foarkomme dat ik fan de frij hege wâl ôf yn it wetter trûzelje soe.
Oarsom kaam ek wol foar: sa koe ik net alles yn It Nijdjip goaie, want it stek wie aardich heech. Dochs ha ik my fertelle litten dat ik dat yn myn twadde jier wol regelmjittich besocht: dingen yn it wetter goaie wy blykber ynteressant. Sa bin ik der neffens oerlevering yn slagge om de jiskebak fan myn heit oer it stek te krijen. Faaks leit dy no noch djip ûnder de grûn yn it dempte part fan It Nijdjip.
Wy sjogge op de foto út op de Nesserdyk (no: mr. P.J. Troelstrawei) dêr’t yn 1946 noch mar in pear huzen oan stiene: it hûs fan it haad fan de skoalle, master Scheffer, en it nije hûs fan de boargemaster (Mei de grutte skoarstiennen, no op de hoeke mei de Oostergoostrjitte) binne sichtber, fierderop de earste huzen fan in lettere rige nije huzen. Op de eftergrûn sjogge wy de huzen fan de Kanaalstrjitte en it dûbele hûs, dêr ek de famylje De Winkel wenne. Lofts: de Oosterhoutstrjitte.
It fee rint oan de oare kant fan It Nijdjip yn de greide, it sil wol fee fan Bart Jonker fan Abbema State wêze, want Durk van der Mei wit noch dat dy boer op dit plak syn jister hie. Hy “heart” noch it roppen en razen as it melkersfolk de kij yn dy jister dreau. De greide dêr efter, dêr’t letter al gau It Friesmahiem boud wurde soe, mei noch wer letter dêrby dan ek de Lynbaenstrjitte is de romte efter de kij. By it fee sjogge wy de boer of de feinten, hja binne drok dwaande mei it melken fan de kij, sittend op in tuolle.
Wy hiene as lytse bern noch net fan dy moaie badsjes, mar yn dy tiid waard de tobbe fuld mei kâld wetter en as de sinne dêr in skoftke op skynd hie, wie it wetter waarm genôch om der yn te boartsjen en te sparteljen.