12 Reed-ride by Sevenhuzen

Ride (tsjintwurdich: reed-ride) hat by my altyd mear west as ienfâldich in spul of allinnich fermaak.

Sa fier as ik yn myn libben werom tinke kin bin ik altyd al wyld west fan riden. Ik tink dat it by my al fan myn fjirde jier ôf in stik fan myn libben waard. Wy wennen doe al op Abbema State, mar dat wie dan ek in prachtige útfalsbasis: ik krige de redens yn it begjin thús ûnderbûn en dan gie ik by ien fan myn âlders op de rêch nei it stap achter yn de tún en dêr waard ik dan “op it iis set”. It heucht my net dat ik lang efter in stoel oan wrotten ha. Ik tink earder dat ik al gau gebrûk makke fan myn slide.

Myn heit hie, krekt as dat foar oare bern barde, op de fabryk fan izeren “ljochtbuis” en soart slide fabrisearre, mei dêrop yn it lang wat plankjes montearre, sadat jin dêr ek op sitte koene.

Ik tink dat ik noch frij lyts wie as myn âlders my oer it iis lutsen. Dêr hie ik gau myn nocht fan en doe woe ik sels “ride”. Earst slurke ik wierskynlik slepend wat tusken myn âlders yn, mar al gau krige ik de slach wat te pakken en doe koe ik sels efter de slide oer it iis.

Ik wie net fan it iis te slaan!

Doetiids wie der noch gjin besef fan klimaatferoaring. Yn ús jeugd koene wy hast elke winter wol in koarte of langere perioade op de redens.

Neffens de oerlevering wie de winter fan 1947 al behoarlik string, yn elk gefal moat der sprake west ha fan hege bulten snie.

Yn de fyftiger jierren hiene wy geregeld sa’n winterpeioade, dat wy wiene goed yn de gelegenheid om it riden te learen.

Ik wit noch hoe’t yn de klasse siet: as it in nacht goed ferzen hie en it der op like dat wy einliks it iis op koene, koe ik my op skoalle net mear konsintrearje. Ik hie noch mar ien gedachte: ride! As de skoalle tusken de middei útkaam, trille ik der oer! Ik wist net hoe hurd ik nei hûs rinne moast en sûnder tiid foar iten te hawwen fleach ik it iis op!

Sels ried ik it doe noch meast op It Nijdjip. Ek de measte Grouster jonges en famkes namen dizze wetters foar kar: it wie in moai stik feart en meastal daliks betroud om’t der net mealle waard. Soms wiene der wol wat taferzen skossen (molkskou fan it bûterfabryk), mar meast wie der moai glêd iis.

Wy waarden dan op it iis set mei de opdracht “nei Miedema en werom”! It Nijdjip en de sleat om De Pôle wiene dan drok beset, en it Nijdjip wie in behoarlik ein om nei Miedema ta. Miedema wie de bewenner fan de pleats Toetsmar, dêr lei efter de pleats in foech daam, fierder mochten wy net.

Aardich is om te fermelden dat dy pleats op De Karper stie en dat de daam sa ûngefear efter ús hûs De Karper 14 lei…

Doe’t wy âlder waarden, hâlden wy ús ûnderling dwaande mei “lange baan” riden: grutte ploegen fan jonges fleinen om it hurdst nei Miedema en werom. Ik ried faak op mei de wat âldere jonges, want it riden gie my eins net sa min ôf.

Dy âldere jonges hiene identifikaasje figuren, lykas Kees Broekman, Gontsjarenko, Shilkov, ensfh. : de topriders lange baan fan dy jierren… Se namen de namme oan fan ien fan dy topriders en spilen doe de internasjonale langebaanriders fan dy tiid: Nederlân spile noch net sa mei: Ik wit noch dat myn identifikaasje-figuer de Sweed Sigge Ericsson wie: dy waard yn 1956 wrâldkampioen! Letter hiene jin Per Ivar Moe!

Yn letter jierren wie It Nijdjip ús net mear genôch. Faak rieden wy doe in ploegen op de Grouster iisbaan of ûtenút”.

Wy rieden earst noch op “houtsjes” (Friese doorlopers). Ik wit dat ik oan’t myn 13e jier net yn de gelegenheid wie om op “noren” te riden.n rûntsjes mei harren en ûndertusken rôpen se ús ta hoe wy ús ferbetterje koene.