De tiid, krekt nei de Twadde Wrâldkriich, wie in earmoedige, sobere tiid. Dochs fermakken wy ús as bern tige mei allerhanne simpele, goedkeape, aktiviteiten.
Ien fan dy bezichheden wie it fenomeen fan “autonûmers” opskriuwe. Wy giene dan mei in groepke enthousiastelingen nei in strategysk plakje, joegen ús dêr del, en wy seagen út nei de auto’s dy dêr lâns komme soene.
Hiele rigen mei hûnderten autonûmers notearren wy dan yn âlde skriften. De Nederlânske nûmerbuorden wiene fansels routine, mar yn de fyftiger jierren kaam ek it toerisme al op, de ynternasjonale kontakten namen ta. Dus so no en dan kamen der ek “bûtenlanners” lâns. Dan wie it in triompf, want bûtenlânske nûmers wie foar ús yn dy tiid it summum!
Dútske nûmers kamen sa noch wol it measte foar, mar as der Frânsken of Zwitsers foarby kamen, dan wiene wy pas echt oerremus! Dizze aktiviteiten waarden net allinnich troch ús dien, yn dy tiid seagen jin oeral yn Nederlân geregeld sokke ploechjes sitten.
De listen mei autonûmers krigen fansels úteinliks allegearre deselde bestimming: it jiskefet!
Oeral ha ik wol meidien oan dizze ynteressante bezichheden, dêr’t wy tige fan genietsje koene. It wie ek allegearre noch te oersjen, want it ferkear wie folle minder drok as tsjintwurdich.
Yn Grou sieten wy gewoan yn de tunen oan de Parkstrjitte, ek wol heal op de dyk. It plak by de benzine-pomp fan Sietse Kupoerus wie ek hiel gaadlik, want dêr stoppen regelmjittich guon auto’s en dan hiene jin wat mear tiid foar it notearjen.
Wy diene der neat mei, de plysjes fan doe wiene harren seker net bewust fan de enoarme databanken dy’t wy sa oanlein hawwe….