It paad lâns Sevenhuzen en it terrein efter de Abbemaskuorre wie yn ús earste jierren ús boartersterrein.
It paad wie tarre, mar waard úteinliks net se bêst ûnderhâlden. It wie ûnsljocht en hjir en dêr sieten gatten en kûlen. It grind wie skerp en as jin ris foelen dan wiene faak de knibbels iepen mei split en smoarges yn de wûnen.
De kearen dat ik mei swollerij op de knibbels rûn ha, binne net te tellen. By de oaren gie dat krekt sa. Der lei ek by de opslach tsjin it oaljehok oan noch in lytse bult mei split.
De romte efter de skuorre wie aardich grut.
Yn de earste jierren stie der in stek tusken it midden fan de efterkant fan de skuorre nei de eastelike sydkant fan it s.n. “oaljehok”.
In de skuorre wie oan ien kant opslach fan boumateriaal, split, dakpannen, stiennen, portlân, ensfh. fan de “timmerwinkel” fan de NVH (Halbertsma), mar ek fan diverse saken fan it tsjettelhûs en krêftsintrale fan de NVH, lykas bygelyks causticsoda, natronloog, roasters en fjoerfêste stiennen. Jin kamen dêr via de doar fan it eardere “bûthús”. Ek bûten de skuorre en it oaljehok op it terrein wie noch opslach fan ferskate bou- en konstruksjematerialen rûnom: izeren rydplaten, stielen balken, golfplaten, pún, lege oaljefetten..
Yn it oaljehok stiene lâns de wjerskanten elk in rige oalefetten op houten bokken: oan elke tonne siet in tapkraan mei dêroan hingjend in buske, dêr’t de oaljedrippen yn opfongen waarden. Hjir waard regelmjittich smaroalje helle troch de fabryksminsken dy’t de machines fan de NVH ûnderhâlde moasten.
Ek foar de stoommachines en helpmotoaren waard der in protte smaroalje ophelle.
De foarried fan de oalje wie opslein yn de eardere (jarre)kolken dy noch fan de buorkerij oerbleaun wiene. Regelmjittich wie der oanfier fan in stikmannich (nije) oaljefetten nei Abbema en ek waarden de lege fetten yn it oaljehok út de kolk wei ferfongen troch in nijen. Lege fetten waarden earst op it terrein dumpt, letter ek ophelle mei frachtweinen.
It personiel hoechde net folle te tillen: de Hysters fan Halbertsma takelden de oaljefetten yn en út de kolken: se brûkten dêr kettingen mei klauwen foar dy’t efter de rânen fan de fetten oangrypten.
Wy boarten op Sevenhuzen eins mei neat: de âlders of de âldere bruorren fan ús as jonges, hiene fan hout primitieve frachtauto’s timmere of oare vehikels.
Sa kin ik my te binnen bringe dat ik alhiel ferguld wie fan in sels makke takelauto fan ien fan de maten. Wy boarten yn modder en sânresten, soms ek yn it split.
Wy koene ús doe noch frij bewege oer it terrein efter de skuorre en rûnom it oalejehok op it Abbema-terrein.
Letter waard de efterromte ôfsletten mei in foech houten stek, dat lâns it paad fan Sevenhuzen fan de skuorre nei de Pôle rûn. Sa waard de romte tusken it oaljehok en de skuorre ynsletten as NVH-terrein.
Halbertsma bewarre op dat stik terrein fansels in protte materialen dêr’t men de jeugd net byhawwe woe.
Om’t dit terrein tsjin ús tún oanlei kaam ik dêr lykwols stiekum noch wol frij makkelik op… En as ús bal oer it stek fleach, en wy koene der net goed by, dan gie ik troch ús hûs nei ús tún en dan kaam ik sa op it opslachterrein om de bal op te heljen…