Sitema

Tekst in het nederlands

Sitema

Us heit-en-dy binne  yn1921 op ‘ e pleatskommen. Dêrfoar hiene se trije jier op Blijema buorke , dat mocht fan omke Tseard krekt sa lang oant Wibren troude ,doe moesten se derôf en kochten se dizze pleats.  Doe binne se ferhuze. De Hemminga ’s ha de pleats bouwe litten.

Achter de gemeentegrins wie it allegear bûtlân dat rûn winterdei altyd ûnder wetter We ha wolris in grut gat yn ‘ e polderdyk hân. Us beide kriten stiene dan ûnder wetter.  Sa ha we thús ek ris in grut gat hân. Mei it wetterskip waarden de polderdiken folle heger mar eartiids wiene se altyd oan it kylspitten.

De Lange Luts rûn earder folle fierder it lân yn. Dêr wie it allegear reid en wetter. Dat meanden se earder wol en stadichoan is dat ynkoarten. Dêr is in hele protte modder opkommen en dat sit no bij de njoggene oan.

Yn ‘e Gretf dêr lei noch in hele lange smelle strook bûtepôle ,dy neamden wy de Snoekebek ,  dy is  mei al dy toeristen der wei sokke.

It stik mei dy bocht deryn is de Tún Trije.  Dêr sitte allegear stiennen  yn ‘ e grûn. Alderraarst. Dêr hat froeger in boerepleats stien. Dêr ha we yn ‘oarloch tún hân. Hiene we der jirpels. Hele minne jirpels. Der sit ek in hele hege kop yn. It is ek oare grûn wat liemachtich. 

Binnen de polderdyk wie it heel leech. Healwei stie in heel beammebosk , elzebeamkes ensa, dat dreau gewoan. Dat gong gewoan mei omheech as it heech wetter waard. Simmerdei dan boarten we wol yn dy beamkes en dêr wiene in pear fan dy wellen en dan sei ús heit tink derom dat jim der net yn reitsje want dêr kom jim noait wer út. Sa djip je koene de boaium net bedjipje. Dat wie yn dy beamkes mar de polderdyk is der ôfkommen en it is gewoan ynpoldere. De dyk rint no bij de kant fan de opfeart lâns. It is heel bot sakke en der rint no wat jongfee op, wat kealleboel en de hynders. Eartiids hiene we in heel wyld hynder , Hannes ,dy hie in bongel oan ‘ poat oars wied er net te pakken dy hiene we dêr dan rinnen dan sakke er der wol ris troch  dan koene we him goed krije. Letter hat de Wehrmacht him fordere en moesten we him mei wat hea yn Grou bij de Kade ynleverje.

Der kamen in soad winkelju bij ús mei de boatsjes. Der wiene froeger 13 bakkers yn Grou en de measten dy kamen tink ek wol bij ús. Alle dagen kaam der in oare bakker en dan wie der ek noch de Earnewâldster bakker dy kaam ek by ús. Foaral as it dan hast Sinterklaas wie dan wist ús mem hast net wat se fan elkenien keapje moest, want dan kamen der ek noch de Broars út Warten, dy hiene ek wol merkespullen, sla jut en sa , mar dy wie dan sutelder fan de bakker út Warten. En dan kocht se dêr wer fan dy oranjekoekjes fan. Fan elk mar wat. We hiene altyd wol minsken , wol iters ,wol ôfnimmers mar it wie allegear bakkers. Epke Kerkhof dy kaam mei de skou, roeie..Jan Jonker kaam ek mei de skou en dy hie krudenierspul krekt as  Halbe Keidel. Dan moesten we it boekje ynfulle en dan helle er dat wer op en dan freeds brocht er it guod. En dan kaam de grienteman alle tiisdeis út Earnewâld, dat wiene de Fan Keimpema ‘s, dy hiene al sa ’n grut izeren skip dêr hiene se alles yn. Dan kamen de lapkekeaplju ek noch .soms oer de Hege Warren meast út ‘ e Westerein. En der kaam  noch in lapkekoopman út Warten en ien út Wergea mei in boatsje. Dan kamen út Wergea noch Lutser Eizinga  mei klompen en Hiske mei tou  biezums en bjinders .

De dokter kaam mei in boatsje mei in binnenboardmoter mar as ik yn ferwachting wie en it hast sa fier wie dan hiene we in ôfspraak mei de pontwachter , Piter Postma, en dan fleach myn man  dwars troch de Burd nei Piter Postma en dy brocht him nei de steiger en dan sa nei dokter en dan moest de dokter mei werom.

En sa wie it ek mei de feearts. Dat hat ús gauris in ko koste want dan hiene dy kij kopsykte of wat dan ek mar en dan moesten we nei Grou farre en bij Oostergoo belje, want dêr wie tillefoan , de fee-arts wenne yn Reduzum , dan kaam dy fee-arts Terpstra en dy moesten we mei werom nei de pleats nimme.  No dan wie soms de ko al dea en moesten wij de fee-arts wer nei Grou bringe. Je wiene tiden ûnderweis.

Letter doe’ t de dyk troch de Burd kaam krigen we in auto en kaam der in graazje bij Piter Wartena op it hiem . Dêr hiene we de fytsen ek stean. We rûnen dan nei de Greft en gongen mei in kettingskou nei de oare kant.

We gongen sels froeger ek altyd rinnende nei skoalle . Hjerstmis dan rûnen de Boarchlannen en de Haanslannen ûnder wetter en dan hiene we winterdei in kosthûs yn Grou. Dat wie in ramp. Dan sleepte ik mei Heab fan der Meer wat yn Grou om. Beide ûnwennich. En dan sneons kaam ús heit om it molkjild bij it bûterfabryk en dan naam dy ús wer mei. Och dan wiene we sa bliid mar ja moandeis waarden we troch ús heit der wer hinne brocht.. We hiene in skou mei in oanhang..

As je aisykje woene yn ‘ e Hege Warren moesten je bij de brêge in kwartsje betelje Se neamden dat  part doe ek wol it kwartsjelân. Minsken dy ’ t der mei weiden hea lâns gongen moesten ek betelje Dat waarden dus sa grau mooglike weiden want se namen sa folle mooglik mei fan self .

We hiene in singel dat wie in smelle strook grûn .  Sa smel je soene hast sizze dêr koene gjin kij begroeven wurde. Miltfuer kij lizze dêr. Dat wie ferskriklik besmetlik. Dat ha ik faak heard. It wie dêr ek altyd spannend want der siet in sleat omhinne en dêr wiene we altyd oant boartsjen. Der stie gjin gêrs. It wie kleare beamkeboel en toarnbeien. Op de Vrijheid , Sibren de Groot wenne dêr doe ,  soe in nije jarrekolk komme  doe waard dat útgroeven en der sieten bonken yn ‘ grûn . It wie net sa ’n grutte boer , hij hie in stik of 15 kij , en doe wiene der samar seis dea.  Doe ha we mei de list lâns rûn om foar dy minsken.. wer in pear kij te krijen. Dus op sa ’n singel moesten je net grave want dan koe der  sykte komme

                                                                    Ike de Groot – Tilma

                                                                        14 – 1 – 2005