2 By de foto: Grou, “Eiber”

De foto: Grou, “Eiber” toant de situaasje oan de eastkant fan Sevenhuzen.

It húske lofts fan it eibersnêst, ek it meast loftse húske fan de rige op de foto, is myn bertehûs en jout moai wis de situaasje fan om-ende-by 13 maaie 1946 wer.

Foar de huzen lâns rint (net goed te sjen) It Nijdjip. Oan de rjochterkant, ûnder de hege beam, rint It Nijdjip út yn in útrinner fan de Lynbaensleat. Dizze sleat rûn rjochts efter de huzen troch nei de Parkstrjitte en wie eartiids via in dûker ferbûn mei de útrinner fan De Baai by de fietsenwinkel fan Johannes Westra.

De hege beam rjochts stie wierskynlik yn de tún fan it hûs fan de famylje Mulder oan de Parkstrjitte. Dit stik fan de tún hearde by it stik fan dat hûs, dêr’t de famylje Kerkhof yn wenne. It is dus de tún fan Lijkele Kerkhof en Neeltje Trijntje Beeksma.

It plak dêr it eibersnêst stie wie in stik lân dat oan de “Nesserdyk” (Letter: “mr. P.J. Troelstrawei”) grinzge. Om-ende-by 1950 hinne is hjir it earste Friesmahiem boud.

Tsjin ús húske oan, oan de râne fan It Nijdjip stie ús hok, in houten hok, dêr’t  ik noch wol wat byld by ha. Wat ik my noch goed werinnerje kin, is dat oan it paad fan Sevenhuzen in foech hok stie, dat doe al aardich yn ferfal wie en dêr’t de Grouster grienteboer Rienk van der Meulen syn grientekistkes en hânkarre yn opslein hie (syn grientesaak wie yn de Boogstrjitte).

It hok wie net al te bêst ôfsletten, faaks misten der in pear planken, dat wy koene as bern dêr noch wol maklik slûpende wei ynkomme. It wie sels sa dat oan ien fan de bynten in pear touwen bûn wiene en wy dêr in foech skommel oan hiene.

Hielendal lofts lei De Barten oer It Nijdjip, in brêge fan tsjokke houten balken. Dêr oer geande kamen jin dan yn it lân dat eartiids moai wis by de pleats Abbema State hearde.

Oer De Barten, oan de noardkant, stie dan noch as earste yn dat lân in grut bargehok: in stiennen húske mei dakpannen en in betonflier mei stek der foar. Ek dêr hawwe wy letter noch wolris yn boarte doe der yn de pleats net mear buorke waard. It bargehok is op de foto goed te sjen, alhiel oan de lofterkant.

It hûs, nêst myn bertehûs, waard bewenne troch Hendrik en Neeltsje van der Mei-van der Schaaf. Se hiene twa jonges: Durk van der Mei, dy’t wol 6 jier âlder wie, en Wypke van der Mei, dy’t like âld as my wie.

Se hiene ek dowen: ik koe se moarns, op bêd lizzend, wol heare… De famylje Van der Mei hie ek in houten hokje by’t hûs oan it Nijdjip stean. Nêst dat hûs wie in iepenbiere stege as trochgong nei it stap oan It Nijdjip. Dizze trochgong sleat oan by it efterom nei it pleintsje midden in de huzebosk fan Sevenhuzen: in pleintsje dêr’t seker noch wol fjouwer húshâldingen wennen: dy fan de Tiekstra’s, fan Haaie Pyl oan de noardkant en fan Klaas Leeuwen en Van der Berg oan de súdkant.

Rjochts op de foto, yn de beammen, sjogge wy it dak fan de skuorre fan Abbema State.

It eibersnêst kin ik my noch wol werinnerje, it stiet ek op ús eigen foto’s, ek dat dêr letter it Friesmahiem boud waard. Dat wie de earste nijbou yn it lân lâns de súdkant fan de Nesserdyk. Al it lân dêrefter is fan dat momint ôf stadichoan folboud mei huzen ensfh. Uteinliks oan it PM-kanaal ta. Dy ûntjouwing hat likernôch sa’n 50 jier yn beslach nommen.

naar pagina > 3