Bewenners fan Sevenhuzen

Sevenhuzen nr 1 (169)

 

Zevenhuizen 1 makke in part út fan it hûs “Abbema State”.

Abbema State is fan eartiids in pleats mei buorkerij situearre oan de Parkstrjitte. Op de minuut-kaart fan om-ende-by 1810 stiet de pleats al oanjûn. Wy krije it idee dat der doe in oar hûs foar de pleats stie.

Dat soe goed kinne, want út histoaryske boarnen docht bliken dat der yn de 16e-18e ieu al sprake wie fan “Lyts Abbema” en “Grut Abbema”.

Lyts Abbema soe sa likernoch op it terrein fan it hjoeddeiske begraafplak fan Grou stien hawwe. It ferhaal giet dat  nei it ferdwinen fan Lyts Abbema der letter as oerbliuwsel al lang in soart fan terp west hat en dat it doe boartersplak fan Grouster jeugd (Eeltsje Halbertsa) útmakke hat.

Grut Abbema soe dan de hjoeddeiske “Abbema State” wêze.

Letter is der foar de pleats in nij foech foarein set. Ik ha my ea ris fertelle litten dat twa net troude froulju dat hûs bouwe litten hawwe.

Bekend is dat it hûs boud wurden is yn 1866, want yn it smeidizeren tagongshekje dat diel út makke fan in klassyk stek om it hiem fan it foarein hinne, wie dit jiertal opnommen.

Letter is de tún foar Abbema folle lytser wurden, doe’t der diagonaal in stik tún opoffere waard oan de oanlis fan de Parkstrjitte en Stasjonwei: dy route krige in ferloop dat folle súdliker lei as de oarspronkelike wei, dy’t deun by de noardlike huzen fan Parkstrjitte en Stasjonswei lâns rûn. Doe waard ek de túnmanswenning sloopt en in stik fan it Wilhelmina park ôfsnien.

It hûs fan Abbema hie eartiids nûmer 169.

As bewenners steane al foar fan 1931 te boek Willem Dirks Atsma en syn frou Hiltje Dijkstra.

Willem Dirks Atsma waard berne op 7 juny 1865 te Jistrum (Eestrum). Hy wie de soan fan Dirk Atzes Atsma en Trijntje Geerts van der Wal, de beide âlden wennen te Jistrum.

De jonge Willem Dirks Atsma wie “veehandelaar”.

Op 9 maaie 1903 troude Willem Dirks Atsma mei Hiltje Dijkstra. Hja waard berne op 27 juny 1867 te Grou. Hja wie de dochter fan Kornelis Boukes Dijkstra en Lipkje Hendriks Schuurmans. Har âlden wiene doe al beide ferstoarn.

In harren húshâlding wennen ek Anne Anema en Janneke Kramer.

Sieds Jonker en Froukje de Jong.

Sieds Jonker waard berne op 23 septimber 1883 te Warten. Hy wie de soan fan Cornelis Sieds Jonker, arbeider en Dieuwke Jans Kooi. Dezze âlden wennen te Warten.

Sieds Jonker troude te Grou op 18 maaie 1907 mei Froukje de Jong. Froukje waard berne te Drachten op1 oktober 1883 en wie de dochter fan Bareld Barelds de Jong, arbeider te Drachten, en Antje Pieters Leiker. Dizze âlden wennen te Drachten letter op De Pein.

Sieds en Froukje hawwe mei harren húshâlding wenne te Boarnburgum en Warten. Hja kamen op 7 maaie 1920 nei Grou.

Se hiene yn elk gefal de folgjende bern:

-Antje Jonker, berne 28 januari te Ljouwert

-Cornelis Jonker, berne op 16 april 1910 te Warten

-Dieuwke Jonker, berne op 9 augustus 1912 te Warten

-Geertje Jonker, berne 2 april 1917 te Boarnburgum

-Bareld Jonker, berne 2 april 1920 te Boarnburgum

By dizze húshâlding wurdt ek fermeld: Anne de Vries en Broer Buitinga. It kin pesoniel west hawwe.

 It hûs fan Abbema sil sa om 1947/48 hinne opsplitst wêze yn twa wenningen (faaks ek om de wenningneed fan nei de Twadde Wrâldkrieg op te lossen?), mar it kin ek wol wêze  dat der al earder twa húshâldings op de pleats wenne hawwe:

Wy fine ntl. ek 169a

Hjir wennen yn 1931 of letter noch:

Pieter Cornelis Diesch en Jeanette Cornelis Koster.

Dit pear hat om-ende-by 1932 te Grou wenne. Pieter Cornelis Diesch wie “bedrijfsleider”.

Let op syn herkomst soe ik net sizze wolle dat hij bedrijfsleider (boer) west hat op Abbema State.

Pieter Cornelis Diesch waard berne op 3 maaie 1896 te Rotterdam. Hy wie de soan fan Cornelis Diesch, fan berop timmerman, em Maria Elizabeth Branden. Pieter Cornelis troude op 13 april 1922 mei Jeannette Cataharina Koster. Hja wie de dochter fan Simon Koster, fan berop skilder, en Geertje van de Kappelle.  Pieter cornelis is 41 jier âld ferstoarn te Haarlem oop 16 augustus 1937.

Wy ha gjin gegevens oer Jeannette fine kinnen.

Neffens it Bevolkingsregister dd 01-01-1922 fan Idaarderadeel is it pear op 13 febrewaris 1934 te Grou ynskreaun (hûs 168, mar yn it adresboek stiet 169a), kommende fan Warmond, Padonlaan P22 en hja binne op 3 decimber 1934 al wer fertrokken nei Rotterdam, Mathenesserdijk 244B.

Pieter Cornelis Diesch wie “timmerman” fan berop by syn trouwen, wêr’t hy te Grou dan bedriuwslieder fan west hat, witte wy foarearst net (by in Grouster oannimmer of by NV Halbertsma?)

Letter soene yn it hûs 169b ek “kn” boerefeinten (knechten) wenne hawwe.

Neamd wurde:

-Hendrik de Vries

-Jan Fransbergen

By myn witten hat hûs en hiem fan Abbema State doe eigendom west fan de famylje Mulder (mei-firmant fan de N.V. Halbertsma) Dizze famylje wie eigener fan mear huzen yn de Parkstrjitte: ek it hûs Parkstrjitte 13/15 en 11/11a (Gretha Mulder) wie fan harren. Ek dizze huzen binne wierskynlijk yn deselde tiid splitst yn hieltyd twa wenningen: op 15 wenne de famylje Lijkele Kerkhof, op 13 de famylje Klaas Mulder yn it hûs fan Gretha Mulder wenne ek de famylje Postma.

Oan ‘t om-ende-by 1947/48 is der op Abbema State buorke. De lêste boer wie Bareld Jonker (Bart Jonker) dy’t yn dizze jierren al ynseach dat it lân by Abbema hearend, stadichoan op ‘e dea stie: it gebiet fan it earste Friesmahiem, it lân om It Nijdjip hinne. Dêr wie sa de foarnommen bou fan it earste Friesmahiem, de útwreidingen fan de bou oan de Nesserdyk (no: mr. P.J. Troelstrawei), de oanlis fan it PM-kanaal, en de oanlis fan de Nijdjipstrjitte en Lynbaenstrjitte….

Bareld (“Bart”) Jonker emigrearre mei syn húshâlding nei Amearika: New Yersey. Hy hat noch wol ris werom west en as bern ha ik him doe noch wol meimakke.

Ik mien te witten dat hûs en hiem fan Abbema State it persoanlike eigendom wie fan Gretha Mulder, beheard troch har broer Pieter Mulder. De NV Halbertsma hie it wierskynlik yn gebrûk, want de beide wenningen fan it foarhûs waarden fan 1948 ôf as tsjinstwenningen foar kaderpersoniel bewenne troch wurknimmers fan de fabryk.

Foar it hûs steande op de Parkstrjitte makke it rjochter diel it hûs Parkstrjitte 19 út: de haadyngong wie de opgong mei treppen nei de middelste foardoar, rjochts de foar- en efterkeamer, dêr ûnder (oarspronkelike molkenkelder) de koken, en dêrboppe in tal sliepkeamers. Dit hûs hie ek in goederenlift: it iten út de koken gie mei in lift op hânkrêft nei de efterkeamer, dat op it nivo fan de opgong lei. It hiem oan de rjochterkant hearde by dit rjochter hûs.

It lofter diel fan Abbema hearde offisjeel by Sevenhuzen, om ‘t de tagong ta dit diel “yn de hals” situearre wie en dus ek op Sevenhuzen útkaam. Dizze wenning beskikte oer sa’n selde foar- en efterkeamer, mar ek oer in grutte kelder ûnder de gong fan de buorlju, de hals fan de pleats en in lange gong efter it hiele foarhûs lâns, mei in berghok yn de skuorre. Boppe de hals, efter- en foarkeamer wiene yn totaal 4 sliepkeamers.

Troch de gong geand, kamen jin oan de efterkant (parkside) út yn in tige grut appelhôf en in stik bou (foar grienten ensfh.) dat hearde allegearre wer by Zevenhuizen 1.

Yn 1948 waard Jan Rottiné beneamd ta chef-machinist fan de stoomsintrale en doe moast hy mei syn húshâlding ferhúzje fan Zevenhuizen 18 nei Zevenhuizen 1. De hierpriis fan de wenning wie ferbûn oan en makke diel út fan syn salaris.

Jan Rottiné (fan De Lemmer) en Neeke Boon (fan Texel) kamen yn 1944 te Grou ta wenjen. Se kochten it húske Zevenhuizen 18 en dêr is harren soan Jan Pieter Rottiné berne op 13 maaie 1946.

Doe’t Jan Rottiné yn 1974 mei pensioen gie binne se ferhuze nei De Boarch 5.

Dêrnei kaam syn opfolger op Zevenhuizen 1 te wenjen: Diederik de Vries.

Letter, wierskynlik mei de telaorgong fan de NV Halbertsma is it hûs ferkocht en ta Vivo-winkel en Super de Boer-winkel wurden.

De famylje fan de exploitanten fan de winkel wennen doe op Abbema State.

De originele skuorre waard (yn de 80-er jierren) ôfbrutsen en yn deselde styl wer opboud, kompleet mei stielen konstruksjewurk en dêrefter twa dwers pleatse winkelloadsen. Jierrenlang hat it in grutte De Boer Supermarkt west.

Op dit momint is Abbema State wer yn partikuliere hannen, fraai opknapt, it hiem is stringint ôfbeakene. Oan de efterkant is in grut part fan it oarspronkelike hiem opgien yn in parkearterrein en de huzenbou oan de hjoeddeiske Parkleane.

Yn it diel Parkstrjitte 19 hawwe neffens myn werinneringen wenne:

-famylje Jan Sjoerdsma

-famylje E. Koelhuis

-famylje P. Oosting

-famylje Boon

Zevenhuizen 2         (187)

“It hûs mei de brutsen kap”

Neffens de ynformaasje fan it kadaster soe dit hûs fan 1950 wêze.

1950 sil it jier wêze dat dit hûs tige ferboud is, mar it is wis dat dit hûs sels al folle âlder is.

Bekend is dat it hûs de folgjende bewenners hân hat:

-yn juni 1917 (wierskynlik op 7 juni 1917) sette de famylje Bos har ta wenjen yn it hûs 187 te Grou. Yn it Bevolkingsregister blijk dat harren hûsnûmer earst 167 wie, mar letter 187. Ek hjir wer de “opheging” fan de hûsnûmers mei 20: wy witte dat it om it selde hûs giet!

Foppe Geerhard Bos waard berne op 11 maart 1883 te Tubbergen. Hy wie de soan fan Aldert Harms Bos en Rinske Geerts Prangsma. By harren houlik wiene de âlden fan Foppe beide sûnder berop en wennen hja te Rotterdam. Op 7 juni 1917 troude Foppe G. Bos te Grou mei Teatske Zijlstra, sûnder berop, wenjend te Grou.

Foppe Geerhard Bos wie fan berop Kommies der Rijksbelastingen.

Teatske waard berne op 11 desimber 1885 te Grou. Hja wie de dochter fan Binnert Zijlstra en Antje Bouma. Binnert wie doe al ferstoarn en har mem wenne, sûnder berop, te Grou.

It pear krige yn elk gefal de folgjende bern:

-Antje Rinske, berne 24 april 1918 te Grou, fan berop “huishoudkundige”

-Rinske Antje, berne16 febrewaris 1925 te Grou

Wannear it âlderpear út hûs 187 fertrokken is is ûnbekend.

Foppe ferstoar op 19 febrewaris 1947 yn Idaarderadiel

Teatske Zijlstra kaam op 9 augustus 1944 te ferstjerren te Grou.

-op 19 maaie 1933 komt yn hûs 187 te wenjen:

Alle Lieuwes de Jong en syn frou Gerbrigje de Jong.

Alle de Jong waard berne op 26 desimber 1906 te Grou. Hy wie de soan fan Lieuwe Alles de Jong en Fimke de Vries, dizze âlden wennen op Zevenhuizen 11 (178) te Grou

Op 19 maaie 1933 troude Alle de Jong mei Gerbrigje de Jong. Hja waard berne op 1 maart 1906 te Akkrum en hja wie de dochter fan Pier Johannes de Jong, fabrieksaarbeider, en Korneliske Jansma. Har âlden wennen te Akkrum.

Op harren troudei wurdt it breidspear yn it Bevolkingsregister ynskreaun op it adres 187 (zevenhuizen 2) te Grou.

Yn dit hûs binne harren bern te wrâld kommen:

-Lieuwe Alle de Jong, berne op 6 july 1934 te Grou

-Cornelia Grietje de Jong, berne op 21 augustus 1936 te Grou

De stjerdei fan de heit en mem fan dizze húshâlding is ús net bekend.

-It soe wêze kinne dat yn dit hûs ek wenne hat:

Ybe van den Bosch.

Hy waard berne op 13 april 1874 te Jirnsum en troude op 17 maaie 1900 mei Froukje Musch, berne ca 1873 te Grou (har heit wie seilmakker te Grou). It soe goed wêze kinne dat it pear om 1932 hinne te Grou op it adres Zevenhuizen 2 wenne. Wy binne der lykwols net alhiel wis fan.

Ybe van den Bosch ferstoar op 6 april 1951 te Den Haag (‘s-Gravenhage)

It hûs soe dan yn 1936 troch Ybe ferhierd wêze kinne oan Johannes Westra, dy’t sa yn de buert fan syn saak ta wenjen komt en yn 1936 troude mei syn Freerkje.

-oan’t desimber 1945 de famylje Johannes Westra (via Durk v.d. Mei, mar ek eigen ynformaasje via hearren en sizzen), fytsmakker en fytshanneler. Johannes Westra hie tsjinoer Sevenhuzen, oan de Parkstrjitte en lofts fan de útrinnen fan De Baai in winkel yn spikers, skroeven, gaas, hing en slútwurk, koartsein: “ijzerwaren”.

Syn belangrykste emploai wie lykwols it reparearjen en de ferkeap fan fytsen.

Blykber is de fam Westra yn 1945 nei it pân lofts fan de winkel ferhuze.

Johannes Westra waard berne op 6 augustus 1911 te Grou. Hy wie de soan fan Willem Westra en Minke Brouwer, dy’t ek te Grou wennen. Johannes syn heit wie “stoombootkapitein”. Op 3 januari 1936 troude hy mei Freerkje de boer, hja kaam fan Akkrum en wie in dochter fan Lambertus Folkerts de Boer en Baukje Jaarsma.

Johannes en Freerkje krigen trije bern: Willem Westra, dy’t de fytsensaak trochsette, Bertus (Lambertus?) Westra en Baukje Westra.

-Piet van den Bosch

De soan fan Ybe hat ek op it adres Zevenhuizen 2 wenne. Wierskynlik fan ôf desimber 1945. Ik mien dat my ea ferteld is dat Piet op it kantoar by de NV Halbertsma wurke.

Piet waard berne op 2 juli 1906 te Grou, soan fan Ybe van den Bosch en Froukje Musch

Hy sil dêr lykwols net sa lang mear wenne hawwe, want ik wit net oars (fan 1948 ôf te Zevenhuizen 1) as Hendrik van der Meulen en syn Dútske frou “Trude” wennen om-ende-by 1948 oan’t augustus 1951 op Zevenhuizen 2. (soe it hûs nei de dea fan Ybe van den Bosch ferkocht wêze?)

Dat kin goed kloppe mei ynformaasje út De lemmer (www.spanvis.com). Ik mien noch út ynformaasje fan myn heit te witten dat Piet van den Bosch nei De Lemmer gien is, om dêr as bedriuwslieder te fungearjen.

“In 1948 de vestiging Lemmer van Halbertsma onder leiding van de toenmalige directeur Piet van den Bosch. Eind jaren vijftig werd de directeur wegens een meningsverschil met de directie in Grou ontslagen en werd er iemand anders benoemd tot directeur.”

-Hendrik van der Meulen

Wierskynlik kamen Hendrik van der Meulen en syn Dútske frou “Trude” (Gertrud?) om 1948 hinne op it adres Zevenhuizen 2 te wenjen.

Hendrik wie chauffeur bij de NV Halbertsma en fungearre meast as chauffeur fan fertsjinwurdigers en direksjeleden fan dit bedriuw.

Der wiene trije bern: Manfred, Gerard en Otto van der Meulen.

Hendrik en Trude hawwe hjirre oan’t augustus 1951 wenne en kamen dêrnei te wenjen by de Gedempte Haven yn it hûs dat tsjin it hege hûs (Klaas en Anne Zetzema) oanboud wie dus yn de stege.

-Roelof P. de Jong

Roelof P. de Jong wie bij myn witten rustend “fiskerman”, kommend út de buert fan Earnewâld. It wie in elk gefal de heit van Piebe de Jong (fisker te grou, wenne û.o. yn in arke oan de mar), bynamme Piebe “reit” en ek fan Aant de Jong dy’t mei syn frou oan It Nijdjip wenne hie op it adres Zevenhuizen 19 (170).

By Roelof en syn frou yn wenne ek harren soan Jan. Dizze soan is letter ferdronken, ik mien yn de buert fan Enkhuzen.

It is bekend dat dizze húshâlding op Zevenhuizen 2 wenne hat oan’t augustus 1963.

-Roelof (Aants) de Jong.

Roelof kaam as pakesizzer op Zevenhuizen 2 te wenjen. Hy wie doe earst troud mei syn frou Annie ?.

-lettere bewenners?

Zevenhuizen 3 (voorheen: Grouw 186)

-Jelle Klazes Tienstra en Aaltje Ottes Postma

Jelle Tienstra waard berne op 26 april 1851 te Grou. Hy wie de soan fan Klaas Meines Tienstra en Antje Hinnes Hoekstra, dy’t te Grou wennen.

Jelle Tienstra troude op 26 maaie 1877 te Grou mei Aaltje Ottes Postma. Hja waard berne op 29 augustus 1853 te Grou en hja wie de dochter fan Oyye Pieters Postma, skipper te Grou, en Hendrikje Wisses Deelstra, húsfrou te Grou.

Jelle Tienstra, arbeider te Grou, en Aaltje Ottes Postma kamen te wenjen op it adres Grou 186 op Sevenhuzen. It pear fertrok op 26 juli 1939 nei It Hearrenfean, Jacob Hepkemastrjitte 19.

Op 27 septimber 1856 waar harren dochter Haakje Postma te Grou berne.

Doe’t wy sels yn 1948 op Zevenhuizen 1 kamen te wenjen, wenne op dat momint op adres Zevenhuizen 3 (186):

-Jelger Tjittes Bijlsma

Jelger Tjittes Bijlsma waard op 10 januari 1871 te Akkrum berne. Hy wie de soan fan Tjitte Jelgers Bijlsma (fan berop skipper) en Floriske Ysbrands de Groot. Syn âlden wennen te Akkrum.

Jelger Tjittes troude op 20 maaie 1893 mei Ettje de Groot, berne op 3 januari 1868 te Grou. Hja wie de dochter fan Jan Jelles de Groot en Trijntje Oenes de Jong.

Neffens in registraasje yn it Bevolkingsregister wennen hja yn elk gefal ek op it adres Grou 186, dat letter it adres Zevenhuizen 3 waard. Neffens de opjefte wie hy “boeierknecht” fan berop.

Yn 1948 wie Jelger Tjittes al widner, want Ettje is ferstoarn op 19 april 1945 yn de gemeente idaarderadiel.

Oan Jelger Bijlsma ha ik persoanlik tige goede werinneringen. Hy wie fansels doe al “âld” en dus út it wurk. Hy wie leafhabber fan fiskjen en wie dêr ek behoarlik fanatyk en feardich yn. Syn skou lei yn de útrinner fan De Baai nêst de winkel fan Johannes Westra.

Hy bewarre syn wjirmen yn in âld breatromp, mei dêryn grûn en kofjetsjok. De wjirmen bleaunen sa moai farsk en libbend.

Ik wit noch dat ik as jonkje ienris mei Jelger meimocht te fiskjen. Wy fearen mei syn skou troch De Baai ûnder de “fabryksbrêge” troch (no de brêge fan ‘t Brêgepaad) en leinen foar de houtstekken fan Halbertsma yn de Grou “foar anker”.

Nei in middei dêr fiske te hawwen, binne wy werom gongen.

Jelger Tjittes Bijlsma is fertoarn op 13 oktober 1953 te Snits.

It hûs Zevenhuizen 3 (186) sil doe grif frij kommen wêze, wa’t op dat stuit de eigener wie is by ús ûnbekend.

Om-ende-by 1953

Ik wit noch dat de folgjende bewenners jonge minsken wiene fan “bûten” (net fan Grou).

De famyljenamme fan dizze minsken wie Labbermont.

Dizze famylje hat hjir net lang wenne, mar wat letter wol dúdlik waard wie dat it haad fan it gesin op in bepaald stuit in “nij” eagjende fyts besiet. Al gau bliek dat de plysje dêr foar oan de doar kaam: it praat gie dat dy fyts earne stellen wie.

Al gau dêr nei, ca 1954 dus, kamen yn dit hûs Zevenhuizen 3 Henk de Jong en syn frou Teatske Postma te wenjen.

Henk de Jong wurke yn de fabryk fan Halbertsma.

Wat ik my noch te binnen bringe kin is dat wy dêr tige gesellige buorlju oan hiene.

De hiele buert hat ek mei harren dêrby in protte simmerjûnen wille hân mei “badminton”as fermaak. De wie dêrfoar foar harren hûs oer in tou oer it paad fan Sevenhuzen spand en oan de daksgoate fan de Abbemaskuorre fêstmakke.

Doe’t de Gemeente Idaarderadiel yn 1960 in pontbaas nedich hie foar de oerset fan rekreaasjeoord “Yn ‘e Lijte” nei de Bird (oer it PM-kanaal) waard Henk de Jong ta pontbaas beneamd en ferhuzen Henk en Teatske nei in houten hûs oan de Birdskant, fuort njonken it him fan it eartiidske spultsje “Gibraltar”, it âlderlike hiem fan Teatske.

Yn 1960 kamen Gerben Postma en syn frou Tjitske yn Zevenhuizen 3 te wenjen.

Gerben paste somtiden op ús hinnen as wy op famyljebesite nei Texel wiene

Lang sille Gerben en Tjitske dêr net wenne hawwe, want ik wit noch dat dêr al gau in rêstend bakker kaam te wenjen. Bakker Van Dellen út Idaard. Dit pear hat hjir noch in aardich tal jierren wenne.

Wierskynlik is it echtpear Van Dellen de lêste west dy yn dit húske wenne hat.

Durk van Dellen waard berne op 25 spetimber 1906 yn De Pein/Gruttegast. Hy wie de soan fan Klaas van Dellen (landbouwer) en Sietske Boersma, beide wenjend te De Pein/Gruttegast.

Hy troude op15 maaie 1931 mei Anna Henderika Kolk yn de gemeente Achtkarspelen. Henderika wie in dochter fan Kornelis Kolk (besteller bij de posterijen) en Wibbina Hofma, beide wenjend te Surhústerfean.

Durk van Dellen waard om 1931 hinne de bakker fan it doarp Idaard. Dêr binne ek syn bern berne: Klaas yn 1932 en Kornelis yn 1936. By harren yn wenne ek noch in jongere broer Riekele van Dellen.

Zevenhuizen 3 hat yn dizze jierren ek noch in foaech dakkapel yn it dak boud krigen. It is my net bekend ûnder welke bewenners dat bard is.

Letter is Zevenhuizen 3, tegearre mei Zevenhuizen 4/5 ôfbrutsen en doe binne dêr twa nije huzen op de kavel boud. Dy stean der no noch. Se stean wat tichter tsjin it paar fan Sevenhuzen oan.

Bewenners van Sevenhuzen nr 4 t/m 18 : daar wordt aan gewerkt