Foar myn bertehûs, oan de westkant fan it rychje huzen op Sevenhuzen lei “De Pôle”. Dizze pôle waard fierders omsletten troch It Nijdjip, en de útrinner fan It Nijdjip om Abbema State hinne, by de leane fan it Park lâns, oan’t de Stasjonswei, tsjin de Westerbuert oer.
It wie in kampke greide mei greppels, dat eartiids as in soarte fan “finne” efter Abbema lei, mar yn myn jeugd wie it eins al opnommen yn it doarp Grou.
Guon foto’s út myn fotoalbum binne grif nommen yn De Pôle, faak binne it foto’s mei my famyljeleden der op.
Wy kamen as bern net iens sa folle op De Pôle, ik wit net seker oft wy dêr wol komme mochten, of dat wy der net sa graach boarten, om’t it nochal in sompich terrein wie: foaral it part dat tsjin it Wilhelminapark oanlei.
As it gers dêr tige heech wie, dan woe de betreffende boer (pachter) it gers meane en ta hea meitsje. Op sokke mominten koene wy as bern de boel net plat traapje fansels.
Dochs kamen wy wolris op De Pôle: wy giene de sleatswâl lâns om “kollum” (de woartelstokken fan de “kalmoes”) te sykjen foar ús bosters, wy fongen dêr kikkerts en lieten se wer fuortspringe. Soms ek plôken wy hynsterblommen, om se te “kopjen”. As jin de stâlen dêr dan fan ynskuorden en yn in bak mei wetter leine, dan begongen de einen dêrfan om te kroljen yn moaie foarmen…
Lâns De Pôle op Sevenhuzen stiene yn de berm de auto’s fan Sietse Kuperus, dy’t hy krekt as oeral ek dêr delsette. Sietse hie in protte âlde auto’s en dy moasten earne in plak hawwe. Dat wiene doe al auto’s dy’t net mear rieden: ik wit noch dat dêr yn elk gefal in swarte sedan Oldsmobile stie, mei de reservebân rjochtop yn it foarspatskerm, ek stie dêr in âlderwetse kypwein fan foar de oarloch.
De doarren fan dy auto’s wiene (koene?) net op slot en soms krûpten wy yn de kabines en boarten dêr chauffeurke! Ik leau lykwols dat it net de bedoeling fan Sietse wie, oer it algemien waarden wy der wol wat troch ús âlders úthâlden.
Sietse Kuperus hie ek in Chevrolet-dump frachtwein kocht. Dy kaam út it leger, want it wie in wein yn de griene legerkleuren en typysk sa’n wein dy’t mei de ynvaasje nei Jeropa kommen wie. Se sille yn 1946 grif ôfstjitten (dumpt) wêze troch de geälliearden en foar in prikje oan partikulieren ferkocht wêze. Sa seagen wy yn ús jeugd ek noch in protte fan de heech op de tsjitten steande GMC-trúcks, dy’t faak omboud waarden ta kypweinen, frachtweinen, takelweinen, ensfh.
Sietse koe de persoanenkontainer op syn Chevrolet-dump net brûke en de personielskontainer waard der al ridlik gau ôfhelle en samar op De Pôle delset waard, tsjin de muorre dy’t om de kolk fan Abbema rûn. Earst boarten wy der ek wolris yn, mar al gau wie de bak kennelik eigendom wurden fan Tsjêbe van der Meer. Dy brûkte de bak letter as stâle foar syn hynders. De bak is yn al dy jierren fan myn jeugd stadichoan fersutere en sil dêr úteinliks in kear weihelle wêze…
Op it ûnderstel fan de chevroletdump kaam in laadbak foar sân en grind, de auto koe doe hydraulysk de bak leechkipe.
De Pôle tsjinne foar in grut part as healân, ik ha der net faak fee op rinnen sjoen, dêr wie it faaks te sompich foar. It healân fan De Pôle waard doe noch wol regelmjittich (mei de seine) meand en dat naam dan wol in pear dagen yn beslach. As it gers ta hea droege wurde moast, waard it earst op sweeën harke, in pear kear skoadde en dan letter waard it hea op oppers set, om dan noch letter mei hynder en wein ophelle te wurden.
De berm fan Sevenhuzen lâns De Pôle wie grif in gaadlik plakje om jin del te jaan, want ik kin my ek noch werinnerje dat de stuollenmatters dêr harren wurksumheden diene. Se giene dan moarns by de huzen lâns om te freegjen oft der noch stuollen op nij ynflechte wurde moasten mei biezen… de opdrachten waarden lâns de dyk (By Sevenhuzen dus ek) útfierd.
Ik tink dat Tsjêbe fan der Meer letter De Pôle wol brûkte om hea te meitsjen foar syn hynders. Hy boude dêrfoar tsjin it Abbemakolk-terrein oan in foech heaberch mei in kap tusken fjouwer peallen, de kap koe omheech of omleech mei lieren: op elke peal ien.