Yn dit hûs hawwe ferskate húshâldingen wenne:
De folchoarder is net alhiel dúdlik, mar ôfgeande op de houliksdata fan de ferskate pearen, en de feiten sa’t dy by ús bekend binne via it “Huisnummerregister van Grouw”, miene wy dochs ûndersteande yndieling oanhâlde te meien:
Berend Mink en Jetske van den Berg.
Skipper en letter kampioen fan de SKS Skûtsjesilen.
Berend Mink waard berne op 30 maart 1907 te Sint Jansgea. Hy wie de soan fan Johannes Mink en Jacoba Pijlman.
Berend Mink troude op 30 juny 1928 mei Jetske van den Berg.
Jetske waard berne op 4 oktober 1907 te Earnewâld. Hja wie de dochter fan Jan van den Berg en Sjoerdtje Rienks van der Meer.
It is ûnbekend wannear’t it pear har op it adres Zevenhuizen 9 (180) ta wenjen set hat.
Dat soe lykwols hiel goed mei harren houlik yn 1928 west hawwe kinne.
Wierskynlik binne se foar 1939 út dit hûs fertrokken.
Adrianus H. Brant en Ada van der Walle.
Adrianus Hendricus Brant waard berne op 25 februari 1906 te Amsterdam. Hy wie de soan fan machiel Adrianus Brant en Frouwke Rozema. Adrianus wie drukker fan berop en wenne mei syn trouwen al yn Idaarderadeel. Syn âlden wennen doe beide yn Alkmaar.
Adrianus Hendricus Brant troude op 14 septimber 1933 mei Ada van der Walle te Schagen. Hja wie de dochter fan Jochem van der Walle, mandenmaker en van Aaltje van Nieuwenhoven. Har âlden wennen doe bei te Schagen.
Neffens it “Huisnummerregister van Grouw” wenne it pear te Grou op it adres Zevenhuizen 8 (181), mar dus ek op Zevenhuizen 9 (180).
Fierdere gegevens hawwe wy net fine kinnen, oer de folchoarder fan bewenning van nr 181 en 180 dus ek net.
Bauke Bruinsma en Leentje Eekema.
Bauke Bruinsma waard berne om-ende-by 1916. Hy wie de soan fan Sipke Bruinsma en Uilkje Bruinsma.
Bauke Bruinsma troude op 17 juny 1939 mei Leentje Eekema te Grou.
Leentje waard berne ca. 1916 te Amsterdam en wie de dochter fan Paulus Eekema en Sjoerdtje Reitsma.
It is moai wis dat hja mei harren trouwen it adres Zevenhuizen 9 betrokken hawwe. Wy meie der fan útgean dat Bauke en Leentje foar 1942 ferhuze binne nei in oar adres.
Bonnie Frouwke
Dizze namme wordt neamd yn it “Huisnummerregister van Grouw”, by it hûs nr. 180 (letter: Zevenhuizen 9). Wat dize oantekening krekt seit is net dúdlik: is it in kombinaasje fan man “Bonnie” en frou “Frouwkje”? In dergelike kombinaasje of oare mogelikheden hawwe wy net werom fine kinnen.
Sijtze Kuperus en Anne van der Mei
Sijtze Kuperus waard berne op 11 septimber 1914 te Reduzum. Hy wie de soan fan Gjalt Kuperus, arbeider te Reduzum en Kornelia Sijtzes Hellinga te Reduzum. Syn âlden wennen dus te Reduzum.
Sijtze troude op 27 april 1939 te Grou mei Anna van der Mei, berne op 3 juli 1917 te Grou.
Hja wie de dochter fan Durk van der Mei, bankwurker te Grou en Rinske Sjoerdsma te Grou. Har âlden wennen dus te Grou.
Durk van der Mei wie letter ek machinist op it stoomgemaal De Leppedyk, tusken Grou en Nes.
Neffens it “Huisnummerregister” van Grou wenne it pear ek op Zevenhuizen 9 (180)
neffens myn herinnering (fan 1948) wennen hja doe al yn it hûs oan de Parkstrjitte (17), dêr’t Sijtze in garagebedriuw hie.
Wybren van Stralen en Ybeltje Wybenga.
Wybren van Stralen waard berne op 16 maaie 1912 te Grou. Hy wie de soan fan Ulbe van Stralen en Minke van der Wal.
Wybren troude op 9 maaie 1942 mei Ybeltje Wybenga te Grou.
Ybeltje Wybenga waard berne op 9 maaie 1912 te Grou. Hja wie de dochter fan Atze Wybenga en Geertje Sytsma.
Wierskynlik giene hja wenjen yn it hûs mei adres Zevenhuizen 9 (180).
Haaije Pijl en Geertje Veenstra.
Haaije Pijl waard berne op 3 september 1895 te Boornburgum. Hy wie de soan fan Jan Pijl en Grietje Pieters de Haan.
Haaije Pijl troude op 29 maaie 1920 yn Smellingerlân mei Geertje Veenstra.
Geertje Veenstra waard berne op 19 septimber 1894 te Koartehimmen. Hja wie de dochter fan Jitze Veenstra en Saapke Kats.
It echtpear wenne yn elk gefal om 1948 hinne yn it hûs Zevenhuizen 9 (180) op Sevenhuzen. Wy witte út eigen werinnering dat de grutte húshâlding hjir wenne. It pear krige moai wis yn elk gefal 9 bern en wy tinke dat guon fan harren bern ek op Sevenhuzen berne binne.