Willem Spoelstra en Anna de Boer.
Willem Spoelstra waard berne op 25 augustus 1903 te Grou. Hy wie de soan fan Jan Spoelstra, arbeider te Grou en Gerritje van der Meulen. Syn âlden wennen te Grou.
Willem Spoelstra trouden op 29 januari 1931 te Akkrum mei Anna de Boer. Hja wie berne te Akkrum op 29 desimber 1905. Hja wie de dochter fan Lambertus Folkerts de Boer, fabryksarbeider yn de suvelfabryk te Akkrum, en Baukje Jaarsma. Har âlden wennen dus te Akkrum.
Willem Spoelstra wie fan berop chauffeur.
Neffens it bevolkingsregister binne hja mei harren trouwen in januari 1931 nei Grou kommen en wennen hja wierskynlik earst op it adres Grou 607.
Dêrnei is it pear op Grou 181 (Zevenhuizen 8) kommen te wenjen. Letter hawwe hja ek noch op adres 288 wenne.
Hja hiene yn elk gefal in dochter
-Boukje Spoelstra, berne op 15 desimber 1931 te Grou.
Adrianus H. Brant en Ada van der Walle.
Adrianus Hendricus Brant waard berne op 25 februari 1906 te Amsterdam. Hy wie de soan fan machiel Adrianus Brant en Frouwke Rozema. Adrianus wie drukker fan berop en wenne mei syn trouwen al yn Idaarderadeel. Syn âlden wennen doe beide yn Alkmaar.
Adrianus Hendricus Brant troude op 14 septimber 1933 mei Ada van der Walle te Schagen. Hja wie de dochter fan Jochem van der Walle, mandenmaker en van Aaltje van Nieuwenhoven. Har âlden wennen doe beide te Schagen.
Neffens it “Huisnummerregister van Grouw” wenne it pear te Grou op it adres Zevenhuizen 8 (181), mar dus ek op Zevenhuizen 9 (180).
Fierdere gegevens hawwe wy net fine kinnen oer de folchoarder fan bewenning van nr 181 en 180 dus ek net.
Hendrik Vissia en Hinke van der Vegt.
Hendrik Vissia waard berne op 21 maaie 1908 te Grou. Hy wie de soan van Marten Vissia, tsiismakker te Grou en Aaltje de Vries. De âlden fan Hendrik wennen te Grou.
Hendrik Vissia troude op 4 februari 1933 te Grou mei Hinke van der Vegt. Hja wie de dochter fan Wytse van der Vegt, by dit houlik al ferstoarn, en Berber de Jong, doe ek al ferstoarn. Hendrik Vissia wie metaalbewurker fan berop.
Neffens it Bevolkingsregister waard it pear ynskreaun yn maart 1933 te Grou. Wierskynlik wennen hja earst op it adres Grou 175 (letter: Zevenhuizen 14) en dêrnei op it adres 181 (Zevenhuizen 8)
Hendrik en Hinke hiene by dizze registraasje yn it Bevolkingsregister Berber Vissia ta dochter, berne op 3 april 1937 te Grou.
Roel Tiekstra en Eelkje de Vries
Roel Tiekstra waard berne op 15 septimber 1910 te De Pein (Opeinde), yn de gemeente Smellingerlân (Smallingerland).
Hy wie de soan fan Anne Tiekstra, (veehouder) en Sytske Bijker, dizze âlden wennen te Semar (Suameer).
Hy sil syn earste jierren nei syn skoalleperioade grif wurk hân hawwe yn Smellingerlân, mar hy kaam op 10 juny 1929 nei de gemeente Idaarderadiel, dêr’t er ynskreaun waard mei it berop “boerenknecht”.
Hy troude op 12 maaie 1938 te Grou mei Eelkje de Vries.
Wierskynlik hat dit breidspear him op dat stuit ta wenjen setten op it adres Grou 181, in hûs oan it pleintje fan Sevenhuzen. (letter: Zevenhuizen 8 (181)
Eelkje de Vries waard berne op 19 juny 1918 te Grou, gemeente Idaarderadiel.
Hja wie de dochter fan gerrit de Vries, fabryksarbeider en Dieuwke Sijtske Bouma. Dizze âlden fan Eelkje wennen te Grou.
Roel Tiekstra hat te Grou op ferskate adressen wenne. In registraasjekaart fan it Bevolkingsregister (fan 19 maaie 1940) fermeldt dat Roel yn juni 1929 te Grou kaam te wenjen yn hûs 61, dêrnei yn maaie 1932 yn hûs 47, fierders op in ûnbekend tiidstip yn hûs 75 en yn maaie 1938 yn hûs 387.
Op 19 maaie 1940 wenne de húshâlding yn elk gefal yn it hûs 181 (Zevenhuizen 8).
Fan dizze famylje en harren bewenning fan dit hûs ha ik weet fan ôf 1948 en sa ha ik dizze húshâlding ek persoanlik kend.
Op in registraasjekaart fan it Bevolkingsregister stiet harren earste bern fermeld: dochter Dieuwke Tiekstra, berne op 11 septimber 1939 te Grou. Foar safier wy witte waard hja altyd “Doet” neamd.
De twadde dochter yn dizze húshâlding wie Sijtske Tiekstra, yn elk gefal berne foar 1946.
De tredde dochter wie Eke Tiekstra, hja wie wierskynlik fan 1946, want hja siet by my yn deselde klasse op de iepenbiere legere skoalle.
It fjirde bern yn dizze húshâlding wie Anne Tiekstra, hy sil berne wêze om-ende-by 1949/52.
Unbekend is, wannear de famylje Tiekstra fan Sevenhuze ferhuze binne en wêrhinne.
Eke Tiekstra is ferstoarn yn it jier 2022.