Klaas Leeuwen.
Ut eigen werinnering wit ik dat op it adres Zevenhuizen 7 de persoan Klaas Leeuwen wenne. Klaas wie yn ús eagen doe al behoarlik op leeftyd. Syn hûs seach út op it fjildsje dêr’t yn ‘t lêst de opslach fan materalen wie fan bouwbedriuw Van der Veer, mar Klaas sil ek tiden kend hawwe dat it in aardich gêrsfjild of gazon útmakke.
Om’t wy as bern altyd fuort by him om de hoeke (de romte foar de garages fan de eartiidske huzen 4 en 5) boarten, barde it fansels ek regelmjittich dat ús bal op dat fjildsje te lâne kaam. Wy moasten dy der dan fluch wer úthelje, want Klaas woe net lije dat wy op dat fjildsje (en foar syn ruten) kamen.
It barde lykwols regelmjittich, en ik ha noch wol it byld foar eagen dat, hoewol it efkes duorre foardat Klaas via it binnenpleintsje en de stege oan ús ta wie, Klaas mei opheven kromme kuierstok en op toffels op ús ôf kaam. Dat wie dan suver in regelmjittich ritueel wurden. Ik tink dat wy it dan faaks ek wol wat útlokken. Dan tinke jo efterôf: “Wêrom moasten wy dy man eins sa pleagje?”
Wy hiene der doe eins gjin euvelmoed yn, mar Klaas wie doe al wat frjemd yn syn gedrach. Klaas is ferstoarn te Frjentsjer, ik tink no dat hu dêr opnommen wie ta ferpleging.
Klaas Leeuwen waard berne op 6 september 1878 te Wergea. Hy wie de soan fan Ouwe Wouters Leeuwen, skipper en Geertje Rikus (Rijkes) Veenstra. Syn âlden wennen offisjeel te Sint Japik, mar se leinen op de tiid fan de berte fan Klaas mei harren skip te Wergea, fakentiden leinen se ek te Akkrum.
De âlden fan Klaas trouden op 15 juni 1862 yn Utingeradiel. Ouwe Wouters Leeuwen wie ca 1834 berne te Sint Japik as soan fan Wouter Klazes Leeuwen en Hyje Aukes Meyer. Geertje Rijkes Veenstra wie ca 1836 berne te Akkrum en de dochter fan Rijke Geerts Veenstra en Janke Tjittes Bruinsma.
Ouwe Wouters Leeuwen wie skipper fan berop.
Dizze húshâlding krige de folgjende bern: Rijke Leeuwen, berne 20 april 1863 te Akkrum yn’t skip, Wouter Leeuwen, berne 25 septimber 1864 te Wergea yn’t skip (ferstoarn 22 augustus 1865, 11 moannen âld), Hielke Leeuwen, berne 14 febrewaris 1868 te Sint Japik, Hendrik Leeuwen 19 april 1872 te Akkrum yn’t skip en Klaas, berne 6 septimber 1878 yn’t skip te Wergea. Faaks binne der noch wol mear bern yn dizze húshâlding berne.
Ouwe Wouters Leeuwen is ferstoarn op 24 septimer 1916 te Grou.
Geertje Veenstra sette de húshâlding troch te Grou. Yn’t Bevolkingsregister finne wy de húshâlding werom: Geertje Veenstra as “hoofd” (ek neamd: wed. Ouwe Leeuwen), letter Wouter (5 april 1866) as soan, letter “hoofd”, Hielke (14 febr. 1868), en Klaas (6 sept. 1878). Hja wennen earst yn hûs 162, letter 182. (Ik krij de yndruk dat alle húsnûmers fan Sevenhuzen ea ris “ferhege” binne mei 20)
Geertje Rijkes Veenstra is ferstoarn op 8 november 1935 te Grou.
Ik ha fan Hielke Leeuwen en Klaas Leeuwen gjin houlike fine kind. It soe wêze kinne dat beide harren hiele libben frij feint bleaun binne en tegearre mei harren mem yn it hûs Zevenhuizen 7 wenne hawwe.
Hielke Leeuwen is ferstoarn op 7 maaie 1939 te Grou, yndied “ongehuwd”.
Klaas Leeuwen is ferstoarn op 21 maaie 1958 te Frjentsjer, hy wenne te Grou, yndied “ongehuwd”.