Zevenhuizen 6 (183)

Yn it “Huisnummerregister Grouw” fine wy op it adres 183 as earste bekende bewenner

Sijtze Wester.

Oer dizze persoan hawwe wy gjin gegevens fine kinnen.

Hendrik Bouma en Ibeltje Kleinhuis.

Wy fine dan yn de Burgerlijke Stand it folgjende:

Hendrik Eintes Bouma en Ybeltje Kleinhuis,

Hendrik Eintes Bouma waard berne te garyp (Garijp) op 14 februari 1871. Hy wie de soan fan Einte Sipkes Bouma en Fokje Kornelis Praamstra. Beide âlden wennen yn Garyp.

Hendrik Eintes Bouma troude op 22 maaie 1897 yn Idaarderadiel mei Ybeltje Kleinhuis. Hja wie de dochter fan Wiggele Kornelis Kleinhuis en Berber Willems de Wal, dy’t beide te Grou wennen. Ybeltje waard berne te Grou op 6 febrewaris 1876.

Hendrik Bouma wie skipper fan berop. Op 23 december 1924 kaam de hiele húshâlding te wenjen op it adres 183, dus Zevenhuizen 6.

Hendrik en Ybeltje krigen de folgjende bern:

-Berber Bouma, berne op 17 maart 1898 te Grou

-Einte Bouma, berne op 19 januari 1900 te Grou

-Wiggele Bouma, berne op 19 april 1902 te Grou

-Fokje Bouma, berne op 30 augustus 1904 te Grou

-Jeltje Bouma, berne op 30 april 1908 te Grou

-Sijtske Bouma, berne op 26 maart 1910 te Grou

-Sjoerdje Bouma, berne op 22 juli 1913 te Grou

Op 2 juni 1932 kaam Hendrik Eintes Bouma te Grou te ferstjerren, 61 jier âld.

Syn weduwe Ybeltje Kleinhuis ferstoar op 11 januari 1946 yn Idaarderadiel.

Datum fan festiging en ferhúzjen ûnbekend.

Widdo Minke Brouwer

Minke Brouwer wie widdo sûnt 12 maart 1932, doe’ t har man Willem Westra kaam te ferstjerren. Fan dizze húshâlding is ús it folgjende bekend:

Willem Sytzes Westra waard berne op 18 maaie 1875 te Grou. Hy wie de soan fan Sytze Hiddes Westra, werkman te Grou en Sepkje Willems Westra. Dizze âlden wennen te Grou.

Willem Westra troude te Grou op 24 juni1897 mei Minke Brouwer te Grou. Hja wie berne op 8 juni 1877 te Grou en wie de dochter fan Johannes Gooyes Brouwer, fan boerebedriuw te Grou en Japke Reins Jonker. Har âlden wennen te Grou.

Dit pear krige yn elk gefal de folgjende bern:

-Japke Westra, berne op 6 maart 1902 te Grou

-Johannes Westra, berne op 6 augustus 1911 te Grou

Willem Westra wie houtbewurker te Grou en ferstoar op12 maart 1932 te Ljouwert.

Syn widdo wenne ek op it adres 183 (Zevenhuizen 6) te Grou.

Datum fan festiging en ferhúzjen ûnbekend.

Soan Johannes Westra wenne in perioade op it adres Zevenhuizen 2 (187)

Jacob de Jong en Jitske Hondema.

Jacob de Jong waard berne op 18 februari 1905 te Frjentsjer. Hy wie de soan fan Yme de Jong en Klaaske Hoekstra, fabrieksarbeider en Klaaske Hoekstra. Dizze âlden fan Jacob wennen te Grou.

Jacob troude op 29 oktober 1927 te Grou mei Jitske Hondema, berne te Grou op 16 maart 1905 te Grou. Hja wie de dochter fan Sjouke Hondema, timmerman en Pietje de Jong. Jacob syn âlden wennen te Grou.

Hja krigen yn elk gefal as bern:

-Janke de Jong, berne op 12 april 1928 te Grou

-Pietje de Jong, berne op 6 juni 1930

De stjerdata fan beide âlden binne ús ûnbekend.

Neffen it “Huisnummerregister van Grouw” kaam ek

Gooitzen Deelstra yn it hûs nûmer 183 op Sevenhuzen te wenjen.

Gooitzen Deelstra waard berne op 17 augustus 1856 te Grou. Hy wie de soan fan Pieter Wisses deelstra, komelker te Grou, en Antje Gooitzens Harmensma. Dizze âlden wennen te Grou.

Gooitzen Pieters Deelstra troude op 8 maaie 1886 te Grou mei Wipkje van der Schaaf, berne op 17 maaie 1859 te Grou. Hja wie de dochter fan Haite Fokkes van der Schaaf en Tjeerdtje Jans Noorderhaven.

Wipkje van der Schaaf ferstoar te Grou op 13 februari 1912 te Grou.

Har widner Gooitzen Deelstra libbe noch oan’t 26 augustus 1937. Syn dead is registrearre yn Idaarderadiel.

Neffens opjefte fan Durk van der Mei hat op it adres Zevenhuizen 6 in húshâlding Van den Berg wenne. Dit klopt mei de gegevens yn it “Huisnummerregister van Grouw”.

Op de groepsfoto fan Sevenhuizen stiet lofts in jonge dy’t Ruurd van den Berg hyt.

Ik skat dizze jonge op sa’n 13 of 14 jier.

Utgeande de skatting dat de groepsfoto fan ûngefear 1910 wêze moat, dan soe dizze knaap om-ende-by 1897 berne wêze moatte.

Te Grou fine wy dan de folgjende húshâlding, dy’t wierskynlik de neamde húshâlding fan Sevenhuzen west hat:

Pieter Ruurds van den Berg en Antje de Vries.

Pieter Ruurds van den Berg is berne op 29 april 1872 te Grou, as soan fan Ruurd Wytzes van den Berg (arbeider) en Wikje Kornelis Kootstra. Syn âlden wennen te Grou.

Pieter Ruurds van den Berg troude op 16 maaie 1896 te Grou mei Antje de Vries. Antje wie de dochter fan Taede Sijbes de Vries (heit wie doe al ferstoarn) en Hendrikje Tjeerds Postma dy’t op dat stuit te Ikkerwâld (Akkerwoude) wenne. Pieter Ruurds hie mei syn trouwen it berop fan seilmakkersfeint.

Pieter van den Berg ferstoar op 18 april 1944 yn Idaarderadeel.

Antje de Vries waard berne op 7 oktober 1868 te Sybrandahûs (Datumadiel). Op 5 juli 1953 ferstoar Antje te Grou. Dat soe op it adres Zevenhuizen 6 west hawwe kinne.

Wy kinne gjin ynformaasje fine oer de soan Ruurd, berne 1897. Is hy jongfeint bleaun en wenne hy by syn âlden?

Hat hy oan’t 1957 yn dit hûs Zevenhuizen 6 wenne?

Jeltje Adema

Neffens op jefte fan Durk van der mei hat hjir ek Jeltje Adema wenne.

Wy hawwe ûnsder dizze namme net oars traceare kinnen as:

Jeltje Adema, dochter fan Gerrit Adema en fan Hijlkje Kooi, dy’t beiden te Grou wennen.

Wy fûnen fan har in trouakte:

Jeltje Adema trout op 13 april 1944 mei Jan Buitjes. Jan Buitjes is berne op 18 april 1916 te Grins (Groningen) as soan fan Evert Buitjes en Kummegien van der Molen. By syn trouwen is hij skipper fan berop. Syn âlden wenje ta Grins.

Jeltje Adema is berne ca 1917 te Grou. Har âlden binne winkelier te Grou.

Yn de marge fan de trouakte kinne wy lêze dat by vonnis fan de arrondissemintsrjochtbank fan Ljouwert op 17 oktober 1957 de echtskieding oer dit houlik útsprutsen is en ynskreaun is yn de gemeente Idaarderadiel op 29 oktober 1957.

Neffens Durk van der Mei wenne Jeltje Adema oan’t septimber 1959 op it adres Zevenhuizen 6.