It is ús net alhiel dúdlik oft it pân Zevenhuizen 5 in ôfsûnderlik hûs west hat, of mei Zevenhuizen 4 ien adres foarme.
Wy geane hjir lykwols út fan twa adressen: de bouw fan it hûs jout hjir wol oanlieding ta.
Dit adres dat letter ek wol “pakhús” neamd waard, waard neffend de gegevens fan Durk van der Mei û.o. bewenne troch de “wed. B. Kleinhuis”.
Om-ende-by 1954 hat koperslager Buikstra hjir syn fak útoefene. It hûs waard doe al net mear bewenne en foarme moai wis ien gehiel mei it adres Zevenhuizen 4.
Durk van der Mei jout dus oan dat yn dit hûs û.o. de “wed. B. Kleinhuis” wenne hat. By de persoanenbeskriuwing fan de groepsfoto fan ca. 1910 wurdt neamd : Binnerts Lijs (Kleinhuis): it giet hjir fansels om deselde (frous)persoan.
Nei ûndersyk komme wy út by:
Elisabeth Kloosterman.
Se waard berne op 27 septimber 1855 te Nijega (Smellingerlân) en wie de dochter fan Taeke Jeltes Kloosterman, arbeider en Jantje Freerks Ras, arbeidster.
Elisabeth troude op 13 novimber 1884 te Grou mei Binnert Kleinhuis.
Elisabeth Kloosterman is ferstoarn op 21 januari 1943 yn de gemeente Idaarderadeel, op de leeftyd fan 87 jier.
Binnert Kleinhuis waard berne op 1 juni 1842 te Grou. Hy wie de soan fan Kornelis Binnerts Kleinhuis en Jeltje Wiggeles de Visser beide wenjend ta Grou. Binnert ferstoar op 22 maart 1921 te Grou op de leeftyd fan 70 jier.
It is moai wis dat de widdo E. Kleinhuis-Kloosterman op Zevenhuizen 5 wenne hat en dus te boek stiet as “wed. B. Kleinhuis”.
It soe bêst wêze kinne dat Zevenhuizen 5, nei januari 1943 net wer bewenne west hat en dêrnei allinnich brûkt waard foar “opslach”. (it waard “pakhús” neamd)
It heucht my net dat dit diel fan it pand ea bewenne west hat. Doe’t de famylje Komduur yn 1951 út it hûs Zevenhuizen 4 ferhuze binne, makke de beide huzen dernei ien gehiel út.
It is wis dat de koperslager Buikstra fan 1951 ôf syn yntrek nommen hat yn dit gebou en dêr in aardich tal jierren syn fak útoefene hat. Dan soe it diel fan nr. 4 as yngong en opslach brûkt wêze en dat de wurkpleats yn it diel fan nr. 5 situearre wie.
Ik wit dat wy as bern in protte by him binnen komme mochten. Hy siet dêr altyd te hammerjen en klopjen op koperplaten, dy’t sa in de winske foarm brocht waarden. Buikstra hie in tige protte hammers mei allerhande ferskate “banen”, dy’t troch him brûkt waarden om spesjale effekten yn it koper te bringen.
Ek hantearre hy in grut fjoer, dêr’t it koper in “gloeid” waard, útdreaun waard en letter wer ôfkuolle waard yn in foech wetterbak.
As bern wiene wy tige ynteressearre en ik kin my werinnerje dat ik “biologearre” wie troch dit wurk en hoe’t wy mei grutte eagen seagen nei de wize dêr’t de keunstwurken mei foarm krigen.
Nei in oantal jierren hat Buikstra syn wurkpleats ferhuze nei de Gedempte Haven te Grou. Op dit plak hie hy mear oanrin fan de toeristen en fergrutte hy syn nammebekendheid noch fierder.
Doe’t Buikstra út de huzen 4/5 ferhuze wie, waard it gebou ferboud troch oannimmer Van der Veer te Grou. It pân nr. 4 waard brûkt as opslach fan de oannimmer. Nr. 5 waard ferboud ta twa oan elkoar grinzgjende garages, mei elk in houten garagedoar. Der wie in lyts pleintsje foar dy doarren en tegearre mei it paad fan Sevenhuzen makke dy romte jierrenlang foar ús as bern it ultime boartersplak út. Jierrenlang boarten de bern fan Sevenhuzen en Parkstrjitte hjir meielkoar.