Neffens opgefte fan Durk van der Mei hawwe op Zevenhuizen 4 (185) (it oarspronkelike hûs Zevenhuizen 4: dus net it hjoeddeiske Zevenhuizen 4) wenne:
-Wijtze Postma
It is ûndudlik wa dizze bewenner wie en ek of en wannear hy op dit adres wenne hat.
Dat komt ek foar in part omdat wy net seker witte of Zevenhuizen 4 en 5 (ús registraasje) doetiids mar ien (4) of twa huzen foarme (4 en 5)
Ek krije de yndruk dat Wijtze Postma yndied yn Zevenhuizen 4 wenne hat.
It soe wêze kinne dat it om de folgjende persoan hannele hat:
Wijtze Postma, berne op 20 januari 1878 te Grou, troud mei Tjitske Bleeksma, berne op 22 septimber 1875 te Reduzum. Dit echtpear is op 22 maart 1937 fertrokken nei Lijouwert, Gysbert Japiksstrjitte 83.
-weduwe (van) Gerrit van Zandbergen
(op de groepsfoto fan likernôch 1910 fan de bewenners en de bybehearende opjefte fan nammen wurdt dizzr frou neamd: “Gerlachs Tiet”)
Tietje IJbes de Boer waard berne op 27 maart 1862 te Grou. Hja wie de dochter fan Ybe Jans de Boer, arbeider en fan Jitske Eeltjes Ystra. Har âlden wennen te Grou.
Hja troude op 13 maaie 1882 mei Douwe Jans de Boer, berne op 18 januari 1859 te Grou.
It houlikspear krige twa bern: Jan de Boer berne op 6 april 1883 te Grou en Ybe de Boer, berne op 28 maaie 1886 te Grou.
Douwe Jans de Boer wie skipper. Hy ferstoar op 15 septimer 1892.
Tietje IJbes de Boer troude op nij op 12 augustus 1897. Dit kear mei Gerrit van Zanbergen, syn berop wie ek skipper. Gerrit van Zanbergen waar berne op 19 juli 1861 te Frjentsjer. Hy wie de soan fan Hillebrand van Zandbergen en fan Akke Hovenier, dy te Grou wenne. Gerrit van Zandbergen wie widner fan Wijtske Hoeneveld.
Dit houlikspear hie yn hûs de folgjende bern:
Jan de Boer (soan fan Tietje en Douwe), Hillebrand van Zandbergen, berne op 6 maaie 1889 te Grou (soan fan Gerrit en Wijtske), Marten van Zandbergen, berne op 12 maart 1892 te Grou (soan fan gerrit en Wijtske),
Ybe van Zandbergen, berne op 1 novimber 1898 te Grou en Akke van Zandbergen, berne op 30 juli 1901 te Grou.
Gerrit ferstoar op 1 maart 1934 te Grou. It pear wenne do wierskynlik al op Sevenhuzen. Sa makke se diel út fan de groepsfoto fan ca 1910
It is dus wierskynlik dat Tietje IJbes de Boer ek as widdo op Zevenhuizen 4 wenne.
Tietje IJbes de Boer kaam te ferstjerren op 15 februari 1952, hja waard 93 jier âld.
Yn 1948 wenne yn dit hûs Zevenhuizen 4 Jan Komduur mei syn Dútske frou Olga (Olga Lowina?). Harren soan wie Lothar Komduur. Opgroeid yn Grou.
Neffens opjefte fan Durk van der mei hat dizze húshâlding hjir oan’t september 1951 wenne.
Dêrnei is it hûs net wer bewenne en waard it brûkt foar opslach fan guod (“pakhús”)