Zevenhuizen 3 (voorheen: Grouw 186)

Jelle Klazes Tienstra en Aaltje Ottes Postma

Jelle Tienstra waard berne op 26 april 1851 te Grou. Hy wie de soan fan Klaas Meines Tienstra en Antje Hinnes Hoekstra, dy’t te Grou wennen.

Jelle Tienstra troude op 26 maaie 1877 te Grou mei Aaltje Ottes Postma. Hja waard berne op 29 augustus 1853 te Grou en hja wie de dochter fan Oyye Pieters Postma, skipper te Grou, en Hendrikje Wisses Deelstra, húsfrou te Grou.

Jelle Tienstra, arbeider te Grou, en Aaltje Ottes Postma kamen te wenjen op it adres Grou 186 op Sevenhuzen. It pear fertrok op 26 juli 1939 nei It Hearrenfean, Jacob Hepkemastrjitte 19.

Op 27 septimber 1856 waar harren dochter Haakje Postma te Grou berne.

Doe’t wy sels yn 1948 op Zevenhuizen 1 kamen te wenjen, wenne op dat momint op adres Zevenhuizen 3 (186):

-Jelger Tjittes Bijlsma

Jelger Tjittes Bijlsma waard op 10 januari 1871 te Akkrum berne. Hy wie de soan fan Tjitte Jelgers Bijlsma (fan berop skipper) en Floriske Ysbrands de Groot. Syn âlden wennen te Akkrum.

Jelger Tjittes troude op 20 maaie 1893 mei Ettje de Groot, berne op 3 januari 1868 te Grou. Hja wie de dochter fan Jan Jelles de Groot en Trijntje Oenes de Jong.

Neffens in registraasje yn it Bevolkingsregister wennen hja yn elk gefal ek op it adres Grou 186, dat letter it adres Zevenhuizen 3 waard. Neffens de opjefte wie hy “boeierknecht” fan berop.

Yn 1948 wie Jelger Tjittes al widner, want Ettje is ferstoarn op 19 april 1945 yn de gemeente idaarderadiel.

Oan Jelger Bijlsma ha ik persoanlik tige goede werinneringen. Hy wie fansels doe al “âld” en dus út it wurk. Hy wie leafhabber fan fiskjen en wie dêr ek behoarlik fanatyk en feardich yn. Syn skou lei yn de útrinner fan De Baai nêst de winkel fan Johannes Westra.

Hy bewarre syn wjirmen yn in âld breatromp, mei dêryn grûn en kofjetsjok. De wjirmen bleaunen sa moai farsk en libbend.

Ik wit noch dat ik as jonkje ienris mei Jelger meimocht te fiskjen. Wy fearen mei syn skou troch De Baai ûnder de “fabryksbrêge” troch (no de brêge fan ‘t Brêgepaad) en leinen foar de houtstekken fan Halbertsma yn de Grou “foar anker”.

Nei in middei dêr fiske te hawwen, binne wy werom gongen.

Jelger Tjittes Bijlsma is fertoarn op 13 oktober 1953 te Snits.

It hûs Zevenhuizen 3 (186) sil doe grif frij kommen wêze, wa’t op dat stuit de eigener wie is by ús ûnbekend.

Om-ende-by 1953

Ik wit noch dat de folgjende bewenners jonge minsken wiene fan “bûten” (net fan Grou).

De famyljenamme fan dizze minsken wie Labbermont.

Dizze famylje hat hjir net lang wenne, mar wat letter wol dúdlik waard wie dat it haad fan it gesin op in bepaald stuit in “nij” eagjende fyts besiet. Al gau bliek dat de plysje dêr foar oan de doar kaam: it praat gie dat dy fyts earne stellen wie.

Al gau dêr nei, ca 1954 dus, kamen yn dit hûs Zevenhuizen 3 Henk de Jong en syn frou Teatske Postma te wenjen.

Henk de Jong wurke yn de fabryk fan Halbertsma.

Wat ik my noch te binnen bringe kin is dat wy dêr tige gesellige buorlju oan hiene.

De hiele buert hat ek mei harren dêrby in protte simmerjûnen wille hân mei “badminton”as fermaak. De wie dêrfoar foar harren hûs oer in tou oer it paad fan Sevenhuzen spand en oan de daksgoate fan de Abbemaskuorre fêstmakke.

Doe’t de Gemeente Idaarderadiel yn 1960 in pontbaas nedich hie foar de oerset fan rekreaasjeoord “Yn ‘e Lijte” nei de Bird (oer it PM-kanaal) waard Henk de Jong ta pontbaas beneamd en ferhuzen Henk en Teatske nei in houten hûs oan de Birdskant, fuort njonken it him fan it eartiidske spultsje “Gibraltar”, it âlderlike hiem fan Teatske.

Yn 1960 kamen Gerben Postma en syn frou Tjitske yn Zevenhuizen 3 te wenjen.

Gerben paste somtiden op ús hinnen as wy op famyljebesite nei Texel wiene

Lang sille Gerben en Tjitske dêr net wenne hawwe, want ik wit noch dat dêr al gau in rêstend bakker kaam te wenjen. Bakker Van Dellen út Idaard. Dit pear hat hjir noch in aardich tal jierren wenne.

Wierskynlik is it echtpear Van Dellen de lêste west dy yn dit húske wenne hat.

Durk van Dellen waard berne op 25 spetimber 1906 yn De Pein/Gruttegast. Hy wie de soan fan Klaas van Dellen (landbouwer) en Sietske Boersma, beide wenjend te De Pein/Gruttegast.

Hy troude op15 maaie 1931 mei Anna Henderika Kolk yn de gemeente Achtkarspelen. Henderika wie in dochter fan Kornelis Kolk (besteller bij de posterijen) en Wibbina Hofma, beide wenjend te Surhústerfean.

Durk van Dellen waard om 1931 hinne de bakker fan it doarp Idaard. Dêr binne ek syn bern berne: Klaas yn 1932 en Kornelis yn 1936. By harren yn wenne ek noch in jongere broer Riekele van Dellen.

Zevenhuizen 3 hat yn dizze jierren ek noch in foaech dakkapel yn it dak boud krigen. It is my net bekend ûnder welke bewenners dat bard is.

Letter is Zevenhuizen 3, tegearre mei Zevenhuizen 4/5 ôfbrutsen en doe binne dêr twa nije huzen op de kavel boud. Dy stean der no noch. Se stean wat tichter tsjin it paar fan Sevenhuzen oan.