Zevenhuizen 13

Klaas Dijkstra en Trijntje van der Vlugt.

Klaas Willems Dijkstra waard berne op 5 juni 1863 te Wirdum (gemeente  Leeuwarderadeel). Hy wie de soan fan Willem Jans Dijkstra, arbeider (boerenknecht) te Wirdum en Jitske Klazes Rinsma (Reinsma). Syn âlden wennen te Wirdum.

Klaas Willems Dijkstra troude op 25 maaie 1889 te Boalsert yn de gemeente Baerderadiel mei Trijntje Klazes van der Vlugt, berne op 2 juni 1865 “in het schip” te Boalsert. Hja wie de dochter fan Klaas Sybrens van der Vlugt en Aukje Piebes de Jong. Har heit wie doe al ferstoarn, har mem stiet as “schippersche” beskreaun en libbet by dit houlik noch, dat wy nimme oan dat har heit eartiids skipper wie.  Har âlden hiene dan harren thús te Boarn (Oldeboorn) en wennen “in het schip”.

It breidspear kaam te Grou ta wenjen, û.o. op it adres Grouw 176 (letter: Zevenhuizen 13)

Op 21 september 1892 waard harren soan Klaas Dijkstra berne. 

Evert Hof en Aaltje van der Vlugt.

Evert Hof waard berne op 13 juli 1896 te Beets. Hij wie de soan fan Gerrit Hof, arbeider (ek veehouder) te Beets, en Neeltje Vaartjes. Syn âlden wennen te Beets.

Evert troude op 15 augustus 1931 mei Aaltje van der Vlugt. Aaltje waar berne op 18 desimber 1898 te Grou en wie de dochter fan Sybren van der vlugt, skipper en “brandstoffenhandelaar” te Grou en Intje Bokma. Hja wennen te Grou.

Evert Hof stiet te boek as “werkman”.

Yn it Bevolkingsregister fan Idaarderadiel fine wy dat it pear op 7 septimber 1931 te Grou ynskreaun waard. Se binne doe wierskynlik op Sevenhuzen te wenjen kaam: Grou 176 (letter: Zevenhuizen 13)

Oan’t 12 maaie 1952 Hendrik van der Mei en Neeltje van der Schaaf.

Hendrik van der Mei waard berne op 1 juli 1914 te Grou. Hy wie de soan fan Durk van der Mei, fan berop fabryksarbeider (letter machinist op it stoomgemaal De Leppedyk) te Grou en Rinske Sjoerdsma te Grou.

Hendrik van der Mei trout op 20 juli 1939 te Grou mei Neeltje van der Schaaf, berne op 3 maart 1917 te Grou. Hja wie de dochter fan Wiepke van der Schaaf, smid te Grou en Jantje Hof te Grou.

Hendrik van der Mei wie adfertinsje meiwurker by de Friese Koerier. Hy hie tige nocht oan it skriuwen fan deiboeken en artikels yn de pleatselike krante fan Grou, de Frisia.

Hindrik wie dêrby in natuerman en mocht graach yn it fjild wêze. Syn bydrage oan de Frisia waarden faak illustrearre mei tekeningen en ûnderskreaun mei it pseudonym Swalker.

It pear kaam te wenjen op Sevenhuzen, hûs 176, letter Zevenhuizen 13.

It pear krige twa soannen: Durk van der Mei en Wiepke van der Mei (berne yn 1946)

Op 12 maaie 1952 is de húshâlding fan Hendrik van der Mei ferhuze nei it Master Wielsmaplein.

1952-juli 1955 Pieter van der Vegt en Elizabeth Bijlsma.

Pieter van der Vegt waard berne op 22 januari1886 te Easterwierrum. Hy wie de soan fan Abelius Sytses van der Vegt, arbeider, en fan Hinke Okkes Walinga. Dizze âlden wennen te Easterwierrum.

Pieter van der Vegt troude op 15 septimber 1917 mei Elizbeth Bijlsma. Hja waard berne op 3 augustus 1888 te Grou en wie de dochter fan Taeke Annes Bijlsma en Gepke van Houten, dy ek te Grou wennen. Gepke wie doe al ferstoarn.

It pear kaam letter op Sevenhuzen te wenjen, yn it hûs 176, Zevenhuizen 13.

1955-augustus 1963 Eerde Feenstra

Eerde (“Edo” Feenstra) wurke as boekhâlder by de NV Halbertsma

augustus 1963 H.J. van den Bosch