Neffens de opjefte fan Durk van der Mei wenne op it adres Zevenhuizen 12 (179) de “widdo Jan Looijenga” oer de dei troch harren neamd “beppe Rjut” of “âlde Rjut¨.
Wy hawwe de folgjende gegevens fûn:
Yn in registraasje yn it Bevolkingsregister fine wy in oersjoch fan de húshâlding fan Jan Looyenga en Ruutdtje Sijtema. Hja wennen op nûmer 159, mar as wij de vermoedelijke ferheging fan de húsnûmers mei 20 tapasse, dan komme wy op 179 en dat is no krekt it nûmer fan Zevenhuizen 12.
Jan Looyenga waard berne te Grou op 23 juli 1863. Hy wie de soan fan Johannes Jans Looyenga en Willemke Jans Dijkstra, wierskynlik wennen de âlden Fan Jan ek te Grou.
Op 22 maaie 1886 troude Jan Looyenga mei Ruurdtje Pieters Sijtema. Jan syn heit wie doe al ferstoarn en syn mem wenne te Grou.
Ruurdtje Pieters Sijtema waard berne op 18 july 1861 te Akkrum. Hja wie de dochter fan Pieters Sybes Sytema en Rinskje Geerts Haitsma. Ek de heit fan Ruurdtje wie mei har trouwen al ferstoarn en har mem wenne doe te Grou. Ruurdtje har berop waard omskreaun as “dienstmeid”.
Neffens it bevolkingsregister hie it pear yn elk gefal de folgjende bern:
-Johannes Looyenga, berne op 29 januari 1890 te Grou
-Pieter Looyenga, berne op 28 desimber 1899 te Grou
-Willemke Looyenga, berne op 17 januari 1904 te Grou
Tusken 1912 en 1920 binne de bern út it âlderlik hûs fertrokken.
Jan Looyenga is op 7 febrewaris 1939 te Grou ferstoarn.
Syn widdo “beppe Rjut” wenne op Zevenhuizen 12 (179) en is ferstoarn op 3 maart 1957 te Snits.
Yn april 1954 Komt Petrus (“Peet”) Reitsma hjir te wenjen mei frou en bern
Peet wie tuinman bij de Gemeente Idaarderadeel. Eerst ûnder it haad Jan Rozema, letter waard Peet sels de liedingjouwende.