Zevenhuizen 11 (178)

Neffens de opjefte fan Durk van der Mei wenne op it adres Zevenhuizen 11 (178) de “widdo Lieuwe de Jong” oer de dei troch harren neamd “beppe Fim”.

Wy hawwe de folgjende gegevens fûn:

Lieuwe Alles de Jong en Fimke de Vries.

Lieuwe Alles de Jong waard berne op 2 januari 1876 te Boarn (Oldeboorn). Hy wie de soan fan Alle Lieuwes de Jong en Uilkje Fokkes Oosterwoud. Lieuwe Alles wie komelker fan berop en syn âlden wennen te Boarn.

Lieuwe Alles de Jong troude op 16 maaie 1903 te Grou mei Fimke de Vries. Fimke de Vries waard bene op 16 januari 1878 te Grou. Hja wie de dochter fan Sjoerd Ulbes de Vries en Setske Tjitzes Zeldenrust, beide wenjend te Grou. Har heit wie doe seilmakkersfeint te Grou.

Dit echtpear wiene de heit en mem fan Setske de Jong, dy’t troud wie mei Jaap Schuurmans en dy’t oan it plein te Grou wennen mei de soannen Otte Schuurmans en Lieuwe Schuurmans.

Lieuwe Alles de Jong is ferstoarn op 2 april 1935 te Grou.

Syn widdo Fimke de Vries wenne dus op it adres Zevenhuizen 11 (178) te Grou .

Neffens it “Huisnummerregister van Grouw”, wenne de broer van Fimke, Sjoerd Ulbes de Vries om-ende-by 1931 by harren yn.

Hy troude op 23 april 1932 mei Durkje Feikje Brouwers. Hja wie ûnderwizeres en kaam doe fan Den Haach.

It soe wêze kinne dat hja dêr wenne hat oan’t har ferstjerren op 12 septimber 1960 te Grou, want yn maart 1961 kaam dêr te wenjen:

Wobbe Bloemsma en Grietje Wassenaar.

Wobbe Bloemsma waard berne op 16 maart 1899 te Grou. Hy wie de soan fan Douwe Bloemsma en Fokje de Jong. Heit Douwe Bloemsma wie al foar 1920 ferstoarn.

Wobbe troude op 29 maart 1920 te Raard (gemeente Rauwerdahem) mei Grietje Wassenaar, berne op 1 july 1900 te jirnsum, dochter fan Jelke Jacobs Wassenaar en Kunnigje Arends de Jong. Har âlden wennen te Jirnsum.

Wobbe wie fan berop fabryksarbeider, Grietje wie fan berop dienstbode.

Wobbe en Grietje Wassenaar hawwe jierrenlang wenne yn it hûs dat tsjin de kantine fan Halbertsma oan stie en dêr ek diel fan útmakke oan it plein te Grou.

Wierskynlik is it echtpear yn maart 1961 (neffens Durk van der Mei) nei it adres Zevenhuizen 11 (178) te wenjen gien.

Wobbe naam doe ek ôfskied fan de bedriuwsbrânwar fan Halbertsma. Syn frou Grietje Wassenaar kaam dêr dan op 15 novimber 1962 te ferstjerren.

Wobbe Bloemsma is yn 1964 mei pensioen fan Halbertsma gongen.

Harren dochter Fokje Bloemsma waard berne op 4 septimber 1920 te Grou.