Weduwe Oebele Ypinga.
Wannear de famylje Ypenga op it adres Zevenhuizen 10 kaam te wenjen is ús net bekend.
Wy witte dat “weduwe Oebele Ypinga” ea op dit adres wenne.
As wy witte dat op de groepsfoto op Sevenhuzen fan ca 1910 oan de lofterkant in jong famke stiet (nr. 2) mei de namme Pietje Ypinga, dan witte wy dat dizze húshâlding al yn dizze tiid al op Sevenhuzen (en dus moai wis Zevenhuizen 10) wenne.
Wy hawwe fan dizze húshâlding in Registraasje yn it Bevolkingsregister fûn fan de datum 01-01-1874. Of dizze registraasje te Grou wie is net dudlik, it hûsnûmer dat opjûn wurdt is earst A 398, letter 144. Dit is yn elk gefal net in adres op Sevenhuzen.
De famylje Ypinga is dus dêrnei nei it adres Zevenhuizen 10 kommen.
Oebele Ypinga waard berne op 12 april 1858 te Beetstersweach. Hy wie de soan fan Jan Oebeles Ypinga en Tjitske Hylkes Posthumus, moai wis wenjend te Beetstersweach.
Oebele Ypinga trout op 15 maaie 1886 te Grou mei Leentje de Jong.
Leentje waard berne op 6 oktober 1864 te Grou. Hja wie de dochter fan Klaas Sints de Jong en Maaike Klazes van der Veen, beide wenjend te Grou, dêr’t Klaas it berop fan slachter útoefene.
Oebele wie by syn trouwen boerearbeider en wenne doe al te Grou. Oebele syn heit wie op dat stuit al ferstoarn en syn mem wenne doe as widdo te Koartehimmen.
Oebele ferstoar op 3 oktober 1932 te Grou.
Harren dochter Pietje dy’t op de groepsfoto fan ca 1910 stiet waard berne op 4 novimber 1902 te Grou.
Dizze húshâlding hie yn elk gefal de folgjende bern:
-Maaike Ypinga, berne op 22 maaie 1887 (op 27 maaie 1911 troud mei Jisk Sijtema)
-Tjitske Ypinga, berne op 19 septimber 1889 (op 29 maaie 1913 troud mei Wiebe Hazenberg)
-Pietje Ypinga, berne op 14 maart 1892, ferstoarn op 15 juny 1893
-Jan Ypinga, berne op 6 septimber 1893
-Klaas ypinga, berne op 17 july 1896
-Pietje Ypinga (nr 2 op de groepsfoto), berne op 4 novimber 1902 (op 15 maaie 1926 troud mei Tjalling van der Goot)
-Hielke Ypinga, berne op 23 july 1907
Nei’t ferstjerren fan Oebele yn 1932, bleau Leentje de Jong as “widdo Oebele Ypinga” op it adres Zevenhuizen 10 wenjen.
Hoe lang hja hjir noch wenne hat is ûnbekend.
Leentje de Jong is op 8 juny 1953 te Grou ferstoarn, se wenne doe al net mear op Sevenhuzen, want ûndertusken hiene de folgjende persoanen al op dit adres wenne.
Auke van der Meer en Jacoba van der Iest.
Auke van der Meer waard berne op 5 oktober 1903 yn Earnewâld, gemeente Tytsjerksteradiel.
Hy wie de soan fan Douwe Rienks van der Meer en Matzen Veenstra. Syn heit wie skipper en mem wie “sûnder berop”; hja wennen te Earnewâld.
Hy troude op 27 juli 1929 mei Jacoba van der Iest yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
Jacoba van der Iest waard berne op 20 desimber 1906 te Garyp, gemeente Tytsjersteraadiel. Hja wie in dochter fan Gerrit van der Iest, arbeider, en Aaltje de Jong, sûnder berop, hja wennen te Garyp.
Jacoba hat te Grou en omkriten as “baakster” wurke.
Jacoba is op 9 jannewaris 1968 ferstoarn te Ljouwert. Hja is 61 jier wurden.
By syn trouwen stie Auke van der Meer ek as skipper te boek. Hy wenne doe yn Earnewâld.
Om 1948 hinne wurke Auke van der Meer as stoker bij de N.V. Halbertsma te Grou.
Hja wennen doe op it adres Zevenhuizen 10.
Doe’t Jan Rottiné ta chef-machinist beneamd waard yn 1948 kochten Auke van der Meer en Jacoba van der Iest it hûs fan Jan en Neeke Rottiné: fan dat jier ôf wennen hja dus op it adres Zevenhuizen 18.
As stoker makke Auke van der Meer yn 1957 in swier ûnk mei, doe’t in brân yn it stofhof (opslach fan spuonnen) fan it tsjettelhûs folge waard troch in explosy en stekflamme. Tegearre mei Jaap Sjoerdsma (brânmaster fan Halbertsma) en Jan Rottiné (chef-machinist) rûn hy earnstige brânwûnen op. Auke en Jaap bedarren yn it sikenhûs, Jan Rottiné sloech yn in reaksje in doek foar syn gesicht en koe thús werstelle.