Zevenhuizen 1 makke in part út fan it hûs “Abbema State”.
Abbema State is fan eartiids in pleats mei buorkerij situearre oan de Parkstrjitte. Op de minuut-kaart fan om-ende-by 1810 stiet de pleats al oanjûn. Wy krije it idee dat der doe in oar hûs foar de pleats stie.
Dat soe goed kinne, want út histoaryske boarnen docht bliken dat der yn de 16e-18e ieu al sprake wie fan “Lyts Abbema” en “Grut Abbema”.
Lyts Abbema soe sa likernoch op it terrein fan it hjoeddeiske begraafplak fan Grou stien hawwe. It ferhaal giet dat nei it ferdwinen fan Lyts Abbema der letter as oerbliuwsel al lang in soart fan terp west hat en dat it doe boartersplak fan Grouster jeugd (Eeltsje Halbertsa) útmakke hat.
Grut Abbema soe dan de hjoeddeiske “Abbema State” wêze.
Letter is der foar de pleats in nij foech foarein set. Ik ha my ea ris fertelle litten dat twa net troude froulju dat hûs bouwe litten hawwe.
Bekend is dat it hûs boud wurden is yn 1866, want yn it smeidizeren tagongshekje dat diel út makke fan in klassyk stek om it hiem fan it foarein hinne, wie dit jiertal opnommen.
Letter is de tún foar Abbema folle lytser wurden, doe’t der diagonaal in stik tún opoffere waard oan de oanlis fan de Parkstrjitte en Stasjonwei: dy route krige in ferloop dat folle súdliker lei as de oarspronkelike wei, dy’t deun by de noardlike huzen fan Parkstrjitte en Stasjonswei lâns rûn. Doe waard ek de túnmanswenning sloopt en in stik fan it Wilhelmina park ôfsnien.
It hûs fan Abbema hie eartiids nûmer 169.
As bewenners steane al foar fan 1931 te boek Willem Dirks Atsma en syn frou Hiltje Dijkstra.
Willem Dirks Atsma waard berne op 7 juny 1865 te Jistrum (Eestrum). Hy wie de soan fan Dirk Atzes Atsma en Trijntje Geerts van der Wal, de beide âlden wennen te Jistrum.
De jonge Willem Dirks Atsma wie “veehandelaar”.
Op 9 maaie 1903 troude Willem Dirks Atsma mei Hiltje Dijkstra. Hja waard berne op 27 juny 1867 te Grou. Hja wie de dochter fan Kornelis Boukes Dijkstra en Lipkje Hendriks Schuurmans. Har âlden wiene doe al beide ferstoarn.
In harren húshâlding wennen ek Anne Anema en Janneke Kramer.
Sieds Jonker en Froukje de Jong.
Sieds Jonker waard berne op 23 septimber 1883 te Warten. Hy wie de soan fan Cornelis Sieds Jonker, arbeider en Dieuwke Jans Kooi. Dezze âlden wennen te Warten.
Sieds Jonker troude te Grou op 18 maaie 1907 mei Froukje de Jong. Froukje waard berne te Drachten op1 oktober 1883 en wie de dochter fan Bareld Barelds de Jong, arbeider te Drachten, en Antje Pieters Leiker. Dizze âlden wennen te Drachten letter op De Pein.
Sieds en Froukje hawwe mei harren húshâlding wenne te Boarnburgum en Warten. Hja kamen op 7 maaie 1920 nei Grou.
Se hiene yn elk gefal de folgjende bern:
-Antje Jonker, berne 28 januari te Ljouwert
-Cornelis Jonker, berne op 16 april 1910 te Warten
-Dieuwke Jonker, berne op 9 augustus 1912 te Warten
-Geertje Jonker, berne 2 april 1917 te Boarnburgum
-Bareld Jonker, berne 2 april 1920 te Boarnburgum
By dizze húshâlding wurdt ek fermeld: Anne de Vries en Broer Buitinga. It kin pesoniel west hawwe.
It hûs fan Abbema sil sa om 1947/48 hinne opsplitst wêze yn twa wenningen (faaks ek om de wenningneed fan nei de Twadde Wrâldkrieg op te lossen?), mar it kin ek wol wêze dat der al earder twa húshâldings op de pleats wenne hawwe:
Wy fine ntl. ek 169a
Hjir wennen yn 1931 of letter noch:
Pieter Cornelis Diesch en Jeanette Cornelis Koster.
Dit pear hat om-ende-by 1932 te Grou wenne. Pieter Cornelis Diesch wie “bedrijfsleider”.
Let op syn herkomst soe ik net sizze wolle dat hij bedrijfsleider (boer) west hat op Abbema State.
Pieter Cornelis Diesch waard berne op 3 maaie 1896 te Rotterdam. Hy wie de soan fan Cornelis Diesch, fan berop timmerman, em Maria Elizabeth Branden. Pieter Cornelis troude op 13 april 1922 mei Jeannette Cataharina Koster. Hja wie de dochter fan Simon Koster, fan berop skilder, en Geertje van de Kappelle. Pieter cornelis is 41 jier âld ferstoarn te Haarlem oop 16 augustus 1937.
Wy ha gjin gegevens oer Jeannette fine kinnen.
Neffens it Bevolkingsregister dd 01-01-1922 fan Idaarderadeel is it pear op 13 febrewaris 1934 te Grou ynskreaun (hûs 168, mar yn it adresboek stiet 169a), kommende fan Warmond, Padonlaan P22 en hja binne op 3 decimber 1934 al wer fertrokken nei Rotterdam, Mathenesserdijk 244B.
Pieter Cornelis Diesch wie “timmerman” fan berop by syn trouwen, wêr’t hy te Grou dan bedriuwslieder fan west hat, witte wy foarearst net (by in Grouster oannimmer of by NV Halbertsma?)
Letter soene yn it hûs 169b ek “kn” boerefeinten (knechten) wenne hawwe.
Neamd wurde:
-Hendrik de Vries
-Jan Fransbergen
By myn witten hat hûs en hiem fan Abbema State doe eigendom west fan de famylje Mulder (mei-firmant fan de N.V. Halbertsma) Dizze famylje wie eigener fan mear huzen yn de Parkstrjitte: ek it hûs Parkstrjitte 13/15 en 11/11a (Gretha Mulder) wie fan harren. Ek dizze huzen binne wierskynlijk yn deselde tiid splitst yn hieltyd twa wenningen: op 15 wenne de famylje Lijkele Kerkhof, op 13 de famylje Klaas Mulder yn it hûs fan Gretha Mulder wenne ek de famylje Postma.
Oan ‘t om-ende-by 1947/48 is der op Abbema State buorke. De lêste boer wie Bareld Jonker (Bart Jonker) dy’t yn dizze jierren al ynseach dat it lân by Abbema hearend, stadichoan op ‘e dea stie: it gebiet fan it earste Friesmahiem, it lân om It Nijdjip hinne. Dêr wie sa de foarnommen bou fan it earste Friesmahiem, de útwreidingen fan de bou oan de Nesserdyk (no: mr. P.J. Troelstrawei), de oanlis fan it PM-kanaal, en de oanlis fan de Nijdjipstrjitte en Lynbaenstrjitte….
Bareld (“Bart”) Jonker emigrearre mei syn húshâlding nei Amearika: New Yersey. Hy hat noch wol ris werom west en as bern ha ik him doe noch wol meimakke.
Ik mien te witten dat hûs en hiem fan Abbema State it persoanlike eigendom wie fan Gretha Mulder, beheard troch har broer Pieter Mulder. De NV Halbertsma hie it wierskynlik yn gebrûk, want de beide wenningen fan it foarhûs waarden fan 1948 ôf as tsjinstwenningen foar kaderpersoniel bewenne troch wurknimmers fan de fabryk.
Foar it hûs steande op de Parkstrjitte makke it rjochter diel it hûs Parkstrjitte 19 út: de haadyngong wie de opgong mei treppen nei de middelste foardoar, rjochts de foar- en efterkeamer, dêr ûnder (oarspronkelike molkenkelder) de koken, en dêrboppe in tal sliepkeamers. Dit hûs hie ek in goederenlift: it iten út de koken gie mei in lift op hânkrêft nei de efterkeamer, dat op it nivo fan de opgong lei. It hiem oan de rjochterkant hearde by dit rjochter hûs.
It lofter diel fan Abbema hearde offisjeel by Sevenhuzen, om ‘t de tagong ta dit diel “yn de hals” situearre wie en dus ek op Sevenhuzen útkaam. Dizze wenning beskikte oer sa’n selde foar- en efterkeamer, mar ek oer in grutte kelder ûnder de gong fan de buorlju, de hals fan de pleats en in lange gong efter it hiele foarhûs lâns, mei in berghok yn de skuorre. Boppe de hals, efter- en foarkeamer wiene yn totaal 4 sliepkeamers.
Troch de gong geand, kamen jin oan de efterkant (parkside) út yn in tige grut appelhôf en in stik bou (foar grienten ensfh.) dat hearde allegearre wer by Zevenhuizen 1.
Yn 1948 waard Jan Rottiné beneamd ta chef-machinist fan de stoomsintrale en doe moast hy mei syn húshâlding ferhúzje fan Zevenhuizen 18 nei Zevenhuizen 1. De hierpriis fan de wenning wie ferbûn oan en makke diel út fan syn salaris.
Jan Rottiné (fan De Lemmer) en Neeke Boon (fan Texel) kamen yn 1944 te Grou ta wenjen. Se kochten it húske Zevenhuizen 18 en dêr is harren soan Jan Pieter Rottiné berne op 13 maaie 1946.
Doe’t Jan Rottiné yn 1974 mei pensioen gie binne se ferhuze nei De Boarch 5.
Dêrnei kaam syn opfolger op Zevenhuizen 1 te wenjen: Diederik de Vries.
Letter, wierskynlik mei de telaorgong fan de NV Halbertsma is it hûs ferkocht en ta Vivo-winkel en Super de Boer-winkel wurden.
De famylje fan de exploitanten fan de winkel wennen doe op Abbema State.
De originele skuorre waard (yn de 80-er jierren) ôfbrutsen en yn deselde styl wer opboud, kompleet mei stielen konstruksjewurk en dêrefter twa dwers pleatse winkelloadsen. Jierrenlang hat it in grutte De Boer Supermarkt west.
Op dit momint is Abbema State wer yn partikuliere hannen, fraai opknapt, it hiem is stringint ôfbeakene. Oan de efterkant is in grut part fan it oarspronkelike hiem opgien yn in parkearterrein en de huzenbou oan de hjoeddeiske Parkleane.
Yn it diel Parkstrjitte 19 hawwe neffens myn werinneringen wenne:
-famylje Jan Sjoerdsma
-famylje E. Koelhuis
-famylje P. Oosting
-famylje Boon